De gielsnaffelreager (Ardea brachyrhyncha; synonimen: Mesophoyx intermedia brachyrhyncha, Egretta intermedia brachyrhyncha, Ardea intermedia brachyrhyncha) is in Afrikaanske fûgelsoarte yn 'e famylje reagers (Pelecanidae). Earder waard de fûgels as in ûndersoarte fan 'e middelste wite reager (Ardea intermedia) beskôge, mar hjoed-de-dei wurdt er jimmeroan mear as in aparte soarte behannele.

Ferskining De gielsnaffelreager is in middelgrutte (65–72 sm) wite reiger en sit wat formaat oanbelanget tusken de lytse wite reager en de grutte wite reager yn. Hy ferskilt fan 'e Aziatyske middelste wite reager mei't er yn it briedkleed in gielrôze snavel hat, yn stee fan swart. Hy is ek folle minder giel op 'e stút en it gesicht, en hat readeftige yn stee fan swarte boppepoaten. Nijsgjirrich is dat er, nettsjinsteande de grutte geografyske ôfstân, mear liket op 'e Australyske plúmreager, mar de lêste is lytser en hat in langere snavel, in oare rop en in oare balts, wêrby't de kop nei it boarst ta lutsen wurdt.

Fersprieding Gielsnaffelreagers libje yn Subsaharaansk Afrika fan Senegal yn it easten oant noardlik Sûdan en súdlik oant Súd-Afrika. De fûgel mijt de woastyngebieten en it Kongobekken. Ut en troch wurdt de soarte oantroffen op 'e Seysjellen en de Kaapverdyske eilannen.

Taksonomy Earder waard de gielsnaffelreager as in ûndersoarte fan 'e middelste wite reager (Ardea intermedia). Sûnt 2014 wurdt de fûgel troch Birdlife International en de IUCN lykwols as in aparte soarte ûnderskieden en sûnt 2023 troch eBird/Clements en it IOC op basis fan syn ûnderskiedende ferskining. De gielsnaffelreager waard earder yn it skaai Egretta set of yn syn eigen skaai Mesophoyx, mar út DNA-stúdzjes die bliken dat de fûgel besibbe is oan Ardea.

Hâlden en dragen De gielsnavelreiger wurdt benammen yn it binnenlân yn wiete gebieten mei in oerfloed oan wetterplanten waarnommen. Hy yt meastentiids fiskjes fan minder as 10 sm lang, mar ek kikkerts, slangen en ynsekten. It briedseizoen ferskilt geografysk.

Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en der wurdt tocht dat de oantallen tanimme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 25.000 en 100.000 folwoeksen fûgels rûsd.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reager Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn Kaapverdje Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe