De reuzereager (Ardea goliath) is in fûgel út 'e famylje fan 'e reagers. De fûgel kin oant 1,5 m lang wurde en kriget in spanwiidte fan 1,8 oant 2,3 m. It is de grutste reager fan 'e wrâld.
Ferskining De boppedielen fan 'e fûgel binne blaugriis en de túf, de nekke en de sydkanten fan 'e hals binne readbrún. It kin is wyt en de fearren fan 'e hals en en it boarst binne bûnt streke. De fearren fan it boppefoarst binne lansetfoarmich langer en hingje oer it readbrune boarstplak. Under is de fûgel effen kastanjebrún. De wjukken binne boppe laaigriis en ûnder ek mei readbrún. As de fûgel stiet is boppedat in readbrún skouderplak te sjen. De snafel is boppe swart en ûnder hoarnkleurich. De fûgel hat giele eagen en zwarte poaten. Tusken mantsjes en wyfkes binne gjin ferskillen yn it fearrekleed.
Jonge fûgels lykje op folwoeksen fûgels mar binne bleker.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e reuzereager leit yn Subsaharaansk en eastlik Afrika en in pear rângebieten op it Arabysk Skiereilân. Eartiids briede de soarte ek yn Syrje, Súd-Jordaanje en yn Israel, mar hjoed-de-dei komt de fûgel dêr net mear foar. Ut en troch wurdt de fûgel ek yn Bangladesj en yn Assam (Yndia) waarnommen. Om't dy fûgels in hiel ein fan it hjoeddeiske ferspriedingsgebiet waarnommen wurde, wurdt der fanút gien dat der yn Yndia en Bangladesj noch lytse, net-dokumintearre restpopulaasjes binne. thumb|left|Reuzereager yn it Nasjonaal Park Kruger, Súd-Afrika. Yn 'e Eastafrikaanske sompgebieten komt de fûgel algemien foar, mar yn 'e rest fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel net in algemiene fûgel. It oantal fûgels foar Tanzania wurdt bygelyks op net mear as 2.500 oant 4.000 fûgels rûsd. Yn Súd-Afrika profitearret de fûgel fan wetterplakken foar fee en de oanlis fan dammen en dêr binne de oantallen tanommen.
It biotoop bestiet út grutte wettergebieten en de fûgel is selden fier fan wetter te sjen.
Hâlden en dragen thumb|Reuzereager yn 'e flecht. De briedtiid falt yn in grut part fan it ferspriedingsgebiet tegearre mei de reintiid. Op guon plakken briedt de fûgel lykwols it hiele jier troch. Se bouwe harren nêsten op 'e grûn op eilannen of tichte begroeiïng yn it wetter. It is waarnommen dat de reuzereager it nêst ferlit as troch it sakjen fan it wetter in ferbining ûntstiet mei it fêstelân. It is gjin echte koloanjefûgel, mar somtiden briedt er tusken ibissen, ielreagers of oare reagersoarten. It komt lykwols wol foar dat er mei soartegenoaten briedt en der binne yndikaasjes dat it briedsukses yn sokke koloanjes heger is as by yndivuele briedpearen.
It nêst is likernôch in meter breed en wurdt fan tûken en reid yn 'e begroeiïing of tusken lege boskjes boud. In lechsel bestiet út twa oant trije ljochtblauwe aaien, dy't troch it mantsje en it wyfke yn fjouwer wiken útbret wurde. De jongen kinne nei seis wiken útfleane.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en wurdt net as bedrige beskôge. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reager Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe