De griene reager (Butorides virescens) is in fûgel yn it skaai reiddompreagers (Butorides ) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).
Ferskining
Griene reagers ha in glânzgjende grienswarte kroan dy't as in túf opset wurde kin by opwining. De sydkanten fan 'e nekke en it boarst binne kastanjebrún oant readbrún en der rint in wite streek mei in bûnt patroan oer de kiel en foarkant fan 'e nekke. De rêch en wjukken ha in donkergrize basis mei in oliifgriene of blaueftige glâns. De dekfearren fan 'e wjukken ha ljochte rânen, sadat in skobbich patroan ûntstiet. Under is de fûgel meast griis. De snaffel is griis en giel, de koarte poaten binne giel en de eagen binne ek giel. Yn 'e briedtiid kinne de poaten en hûd om de eagen nei read ferkleurje. Wyfkes binne oer it generaal wat doffer fan kleur en in bytsje lytser as mantsjes.
Jonge fûgels binne doffer en ha in brune nekke en in brún boarst mei wite streken en op 'e rêch bêzje of wite plakken.
Fersprieding De griene reager is in fûgel fan wiete gebieten yn 'e Feriene Steaten. De fûgel is op it grutste part fan it kontinint te finen, mar hy mijt de bergen en de heuvelgebieten yn in oantal Midwestlike steaten. In lyts perzintaazje fan 'e populaasje briedt yn it súdwesten fan Kanada. De fûgel wurdt ek op 'e Kariben oantroffen.
De soarte hat fjouwer ûndersoarten:
B. v. anthonyi: westlik fan 'e Feriene Steaten en noardlik Baja California. B. v. frazari : súdlik Baja California. B. v. virescens : fan 'e sintrale en eastlike Feriene Steaten en eastlik Kanada oant Panama. B. v. maculata : de Bahama's en de Kariben.
It is in tige seldsume besiker yn Europa, mei benammen waarnimmingen op 'e Azoaren en yn Grut-Brittanje, mar ek yn Nederlân, Frankryk, Iislân, Ierlân en Itaalje.
Hâlden en dragen Lykas de measte reigersoarten stiet de fûgel ûnferweechlik oan 'e kant fan wetter te wachtsjen oant in proai foarby komt. De fûgel jaget op fisken, kikkerts, lytse reptilen en wetterynsekten. Dêrnjonken hat de griene reager ek in nijsgjirrige jachttechnyk: as er in lytse proai lykas in ynsekt fongen en deade hat, yt er dy somtiden net op mar brûkt er dy as ies om gruttere proaien mei te fangen.
Mantsjes en wyfkes bouwe tegearre it nêst fan tûken, mar it wurk wurdt foar it grutste part troch it wyfke útfierd. Beide briede se de aaien út en fersoargje se de jongen. It nêst sit meast yn beammen, mar is somtiden ek by it wetter leech by de grûn te finen. It wyfke leit yn twa dagen tusken de trije en fiif ljochtgriene oant ljochtblauwe aaien, dy't nei 16 oant 17 dagen útkomme. Trije wiken nei it útkommen fan 'e aaien kinne de piken útfleane. Dêrnei bliuwe se noch in goede moanne by de âlden om it foerazjearjen te learen.
In pear bliuwt yn it seizoen monogaam.
Status De IUCN behannelet de griene en de mangrovereager as ien soarte en dêrom is der foar de griene reager gjin eigen statusbeöardieling. De populaasje fan 'e griene reager is tusken 1966 en 2019 foars yn oantal ôfnommen (-51%), mar de soarte komt noch jimmeroan relatyf algemien foar. Eartiids foarme jacht in bedriging foar de fûgel, hjoed-de-dei foarmet biotoopferlies in bedriging.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddompreager Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Saba Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen