De Easterske feereager (Ardea coromandus; synonimen: Bubulcus ibis coromandus, Bubulcus coromandus) is in fûgel yn it skaai reagers (Ardea) út de famylje reagerfûgels (Ardeidae)
Ferskining thumb|Cattle egret 3 (21641626848)|thumb|left|Winterkleed. De easterske feereager is in 46 oant 56 sm lange reager mei in relatyf koarte snaffel, nekke en poaten. Winterdeis is de fûgel hielendal wyt mei griisgriene of swarteftige poaten en in giele snaffel. Yn it briedseizoen hat er in wyt gesicht, mar fierder brúnoranje kop, nekke, rêch en boppeboarst. De poaten binne dan oranje en de snaffel hat in rôzereade basis.
De mear westlik foarkommende gewoane feereager is wat lytser mei in koartere nekke, snaffel en poaten. It brúnoranje is folle minder yntinsyf en beheinder oanwêzich. De poaten binne yn 'e briedtiid by de gewoane feereager foar in lyts skoft felread of oranjerôze. By de easterske feereager binne de poaten dan fan giel oant readeftich. Fersprieding De easterske feereager komt foar yn Súd- en East-Aazje fan Yndia oant Austraalje en Nij-Seelân. Ut en troch is de fûgel ek waarnommen yn 'e Feriene Arabyske Emiraten en Oman.
Ekology De fûgel libbet op gerslân, by sompen, rysfjilden en iepen plakken oant sels op rûchskernen. Lykas de namme seit beselskippet de fûgel faak fee of grutte wylde bisten, lykas buffels, dêr't ynsekten te finen binne. Faak sit er op 'e rêch fan bisten om parasiten te pikken. Oars as oare reagers yt er fral ynsekten.
De fûgel is sosjaal en wurdt faak yn groepen oantroffen, sawol by it foerazjearjen as by it sliepen nachts. Ek briedt de fûgel yn koloanjes.
Status De easterske feereager wurdt troch de IOC World Bird List as in aparte soarte beskôge. De IUCN erkent de fûgel lykwols net as in soarte en beskôget de fûgel as in ûndersoarte fan 'e gewoane feereager. Dêrom is de bedrigingsstatus fan 'e fûgel net beöardiele. De fûgel wurdt lykwols as frije algemien omskreaun.
Kategory:Reager Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje