De wetterrallen (wittenskiplike namme: Rallus) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e ralfûgels (Rallidae), en de ûnderfamylje fan 'e echte ralfûgels (Rallinae). Ta dizze taksonomyske groep hearre 14 libbene soarten en 15-17 útstoarne soarten. De bekendste soarte fan 'e wetterrallen is it wetterhintsje (Rallus aquaticus), dy't ek yn Fryslân foarkomt.

Libbene soarten Skaai: wetterrallen (Rallus) Kalifornyske ral (Rallus obsoletus) Meksikaanske ral (Rallus tenuirostris) mangroveral (Rallus longirostris) keningsral (Rallus elegans) klapperral (Rallus crepitans) Fenezolaanske ral (Rallus wetmorei) Firginiaral (Rallus limicola) Ekwadoraanske ral (Rallus aequatorialis) Bogotaral (Rallus semiplumbeus) Patagoanyske ral (Rallus antarcticus) wetterhintsje of wetterral (Rallus aquaticus) brúnwangwetterhintsje (Rallus indicus) Afrikaanske ral (Rallus caerulescens) Madagaskarral (Rallus madagascariensis)

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Ralfûgel