Pietr-le-Letton (Frânsk, likernôch "Pietr de Let") is in roman fan de Waalske skriuwer Georges Simenon, ferskynd yn 1931 by Fayard, Parys. Lykwols wie it ferhaal yn 1930 al yn searje útkaam yn Ric et Rac.

It ferhaal is yn earsten optocht yn 1929, doe't Simenon mei syn boat Dútsklân útsetten wie, en de boat dêrom yn Delfzijl reparearre liet. It is dêr dat de figuer fan Maigret foarme waard. Lykwols kin it wêze dat it ferhaal dat dêr skreaun waard Train de nuit wie, dêr't in Maigret yn foarkomt, dy't dan lykwols noch yn Marseille wurket. Hoe ek, waard it ferhaal fan Pietr-le-Letton earst foltôge doe't Simenon yn 1930 werom wie yn Parys.

Ynhâld De haadfiguer, ynspekteur Maigret, is warkôge dat de misdiediger Pieter de Let mei de trein nei Parys komt. Lykwols fynt er op it stuit dêr't de man op oankomme soe, trije manlju op de trein dy't elts neffens it sinjalemint de Let wêze koenen. It is no oan Maigret en fyn út wa't wier de misdiediger Pietr-le-Letton is.

Untfangst Simenon sels organisearre in feestke foar syn nije haadpersoan. It earste Maigret ferhaal is ferskate kearen ferfilme, en yn 1999 waard it opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kategory:Literêr wurk fan Georges Simenon Kategory:Frânsktalige roman Kategory:Detektiveroman Kategory:Literatuer oer in plysjeman Kategory:Literatuer oer oplichting Kategory:Literatuer oer moard Kategory:Roman út 1931