De mangrovereager (Butorides atricapilla) is in fûgel yn it skaai reiddompreagers (Butorides ) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae). De fûgel komt yn tropyske gebieten fan Afrika oant de Salomonseilannen foar.

Ferskining thumb|left|Mangrovereager yn Austraalje. De 35 oant 48 sm lange fûgel is in frij lytse reager, weaget 130 oant 250 gram en hat in spanwiidte fan 52 oant 60 sm. In folwoeksen fûgel hat in griisblauwe rêch en wjukken en in wite ûnderkant, in swarte mûtse en in donkere streek fan 'e snaffel oant ûnder it each en koarte giele poaten. It fearrekleed is lykwols fariabel, sels binnen de ûndersoarten. Mantsjes en wyfkes ha itselde fearrekleed, mar de twa Australyske ûndersoarten B. a. macrorhyncha en B. a. stagnatilis wike ôf mei grize en readbrune foarmen. Jonge fûgels binne brune en ha streken oan 'e ûnderkant.

Taskonomy De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard yn 1804 as Ardea atricapilla torch de Sweed Adam Afzelius publisearre. Sûnt de ôfsplitsing fan 'e Butorides striata is neffens de prioriteitsregel fan 'e International Code of Zoological Nomenclature B. atricapilla de wittenskiplike namme foar de mangrovereager dy't yn Afrika en Australaazje foarkomt.

Fersprieding De fûgel komt yn tropyske en subtropyske wiete gebieten foar yn in grut part fan Afrika oant yn Japan en súdlik oant op 'e Salomonseilanden en Austraalje. Fûgels dy't yn 'e tuskenbeide sône fan East-Aazje briede, trekke winterdeis nei it suden. De fûgels yn 'e tropen binne stânfûgels.

De fûgel hat in foarkar foar sompen mei in tichte begroeiïng lykas mangroves oan 'e kust en tichte sompebosken oan rivieren en marren. Fierder wurde se ek sjoen by kanalen, fivers, sâltflakten, op waad en koraalriffen en yn reid- en gerslân en rysfjilden.

De nominaat B. atricapilla atricapilla komt foar yn Afrika. Yn 'e rest fan it ferspriedingsgebiet komme 19 oare ûndersoarten foar.

B. a. atricapilla: Subsaharaansk Afrika B. a. brevipes : Somaalje en de kusten fan 'e Reade See B. a. rutenbergi: Madagaskar en Reünion B. a. rhizophorae: de Komoaren B. a.. crawfordi: Aldabra en de Amiranten B. a. degens: de Seysjellen B. a. albolimbata: Chagos-arsjipel yn 'e Maldiven B. a. spodiogaster: Andamanen, Nikobaren en de eilannen by westlik Sumatra B. a. amurensis: súdeastlik Sibearje, noardeastlik Sina en Japan B. a. actophila: fan eastlik Sina oant noardlik Birma en noardlik Fjetnam B. a. javanica: fan Pakistan, Yndia, Sry Lanka oant Tailân, de Filipinen, de Grutte Sûnda-eilannen en Selebes B. a. steini: de Lytse Sûnda-eilannen B. a. moluccanum: fan 'e Molukken B. a. papuensis: noardwestlik Nij-Guineä B. a. idenburgi: noardlik Nij-Guineä B. a. flyensis: eastlik en súdeastlik Nij-Guineä B. a. macrorhyncha: eastlik en noardeastlik Austraalje en Nij-Kaledoanje B. a. stagnatilis: noardwestlik en noardlik Sintraal-Austraalje B. a. neef: Tahity B. a. solomonensis: fan Lavongai nei de Salomonseilannen en Fidzjy

Hâlden en dragen thumb|260px|Juvenyl yn Gana. Se bouwe harren nêsten yn strûken of beammen of somtiden op 'e grûn, mar meast by wetter. In nêst bestiet út trije oant fiif aaien. It iten fan 'e mangrovereager bestiet út lytse fiskjes, kikkerts en ynsekten, dy't se fange troch ûnferweechlik te wachtsjen oant der in proai foarby komt.

Status BirdLife International beskôget de Butorides-soarten als ien soarte en dêrom is de beöardieling fan syn bedrigingsstatus basearre op 'e populaasje as gehiel. It skaai hat in ûnbidich grut ferspriedingsgebiet en de kâns op útstjerren is lyts. De wrâldpopulaasje fan it skaai wurdt as stabyl beskôge en soe neffens in rûzing fan 2023 bestean út 173.000 oant 1.500.000 folwoeksen fûgels. It skaai stiet as net bedrige (Least Concern'', 2022) op 'e Reade list fan 'e IUCN.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddompreager Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn de Komoaren Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Polyneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mauritsius Kategory:Lânseigen fauna yn Majot Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Reünion Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe