Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten (Ljouwert, 4 septimber 1893 – dêre, 12 febrewaris 1945) wie in Nederlânske rjochter, keamerhear en fersetsman fan Frysk komôf.
Libben en wurk Hy wie de soan fan Coert Lambertus baron van Harinxma thoe Slooten (1865-1927) en Johanna Maria Bieruma Oosting (1871 -1940). Hy troude yn 1927 mei Aleida Sybilla Sara Geertsema (1900 -1975). Se krigen twa bern.
Fan 1927 ôf wie Van Harinxma thoe Slooten rjochter by de arrondissemintsrjochtbank Ljouwert. Begjin jierren 1930 wie er in skoft plakferfangend kantonrjochter yn Beetstersweach. Hy wie keamerhear y.b.t. fan keninginne Wilhemina en wie haad fan it Buro Offier Boargerbefolking (evakuaasje). Harinxma thoe Slooten, baron van, mr., Binnert Philip. wo2slachtoffers.nl
Van Harinxma thoe Slooten wie lid fan de seksje Ljouwert fan de Landelijke Organisatie voor Hulp aan Onderduikers en rjochter fan it feemgerjocht (fersetsrjochtbank). Op 12 febrewaris 1945 waard er yn Ljouwert deasketten troch in lânwachter. Dat gie bûten de Dútsers om en it motyf is nea dúdlik wurden. Aanslag van Landwacht op verzetsman Binnert Philip baron Van Harinxma Thoe Slooten, Oorlogsbronnen
Kategory:Nederlânsk rjochter Kategory:Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlânsk keamerhear Kategory:Persoan dy't stânrjochtlik eksekutearre is Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1893 Kategory:Persoan stoarn yn 1945