De Galapagosreager (Butorides sundevalli) is in fûgel yn it skaai reiddompreagers (Butorides ) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae).
Ferskining De fûgel hat meast in folslein laaigriis fearrekleed mei in koarte túf. it fearrekleed is lykwols fariabel en der binne ek fûgels mei in brún streke ûnderkant en in swarte kroan. Op 'e rêch ha de fearren in sulvereftige glâns. De snaffel en de poaten binne griis, mar yn it briedseizoen ferkleuret de snaffel nei swart en de poaten nei oranje.
Jonge fûgels binne foar it grutste part donkerbrún mei ljochte streken op it boarst en de nekke. Dy brune kleur fariearret fan ljochtbrún oant djip readbrún.
Fersprieding De Galapagosreager is endemysk op 'e Galapagoseilannen en libbet dêr op 'e kustgebieten fan alle eilannen en yn 'e magrovebosken.
Hâlden en dragen It iten fan 'e Galapagosreiger bestiet meast út fisk en krabben. It nêst wurdt fan tûken yn magrovebosk of sels ûnder lavarotsen boud. Se briede it hiele jier troch mei in pyk tusken septimber en maart en kinne oant wol trijeris yn 't jier briede. In lechsel bestiet meastentiids út ien oant trije aaien, mar der binne ek meldingen fan gruttere oantallen. Beide âlders diele de soarch foar it utbrieden en it fuorjen fan 'e piken.
Status De IUCN behannelet de fûgel as de ûndersoarte B. striata sundevalli fan 'e mangrovereager en dêrom is der gjin aparte bedrigingsstatus foar de Galapagosreager.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reiddompreager Kategory:Lânseigen fauna yn de Galapagoseilannen