De savannemosk (Passer shelleyi) is in sjongfûgel út 'e famylje moskfûgels (Passeridae). Earder waard de fûgel as in ûndersoarte beskôge fan 'e Masaimosk (Passer rufocinctus).

Ferskining De savannemosk is in fûgel mei in streke rêch, in grize kroan en nekke en in swarte slabbe. Yn 'e flecht binne de readbrune boppedielen goed te sjen. De skaaien binne wat fearrekleed oanbelanget wakker allyk, mar it mantsje is oeral helderder fan kleur en hat mear readbrún op 'e kop. De soarte liket op 'e Somalyske mosk, mar it mantsje ferskilt troch in grize kroan en it wyfke troch folle mear kleur op 'e fearren. De Masaimosk is ek tige ferlykber, mar oerlapet it ferspriedingsgebiet fan 'e savannemosk net en hat ljochte en gjin tsjustere eagen. De rop is in fleurich tsjilpen lykas oare soarten yn it skaai.

Fersprieding De fûgel komt foar yn súdeastlik Súd-Sûdan, noardlik Uganda, súdlik en eastlik Etioopje, noardwestlik Somaalje en it westlikste part fan Kenia. Hy wurdt as monotypysk behannele, wat betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.

Savannemosken wurde lokaal oantroffen op drûge savannes, mar ek yn lânbougebieten en soms om delsettings hinne, mar it is net in echte stedsfûgel.

Hâlden en dragen It foerazjearjen wurdt meast op 'e grûn dien en hy yt meast sied en ynsekten.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in stabile ûntwikkeling fan 'e populaasje. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.

Namme De spesifike namme is ferneamd nei de Ingelske geolooch en ornitolooch George Ernest Shelley.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda