Livius Boelens, ek wol Lieuwe Boelens (Bûtenpost, 10 maaie 1630 - dêre, 10 febrewaris 1653) wie in Fryske bestjoerder.

Biografy Boelens wie in soan fan Pieter Boelens (1609-1639), grytman fan Achtkarspelen, en Eelckien fan Haersma (1610-1643). Livius wie in telch út de famylje Fan Boelens. Dit geslacht út Olterterp hie in tûke yn Achtkarspelen dy't grutte belangen hie yn de ferfeaning. Al yn de perioade 1526-1549 komt in Sythie Boelis foar as grytman fan dy gritenij. Piter wie moai wis in neikommeling fan dizze Sythie. Wijnsma, A.J. (2015). Grietmannen van Achtkarspelen. [online] Beskikber fia: Binnenbuitenpost.nl. [Rieplachte op 19 jan. 2024]. Argivearre op 12 jannewaris 2023. Yn Bûtenpost stichte de famylje Boelens de Boelensstate dy't letter ek bekend stie as de Haersmastate. Plaatselijk Belang Buitenpost (2015). voormalige Haersmastate. [online] Beskikber fia: Binnenbuitenpost.nl. [Rieplachte op 19 jannewaris 2024 Argivearre op 12 jan. 2023. Ek it doarp Boelensloane tanket syn namme oan dizze famylje.

Yn 1648 folge Livius syn pake, Tsjerk Boelens, op as grytman fan Achtkarspelen nei't syn pake hjiroer oerlein hie hie mei Willem Frederik van Nassau-Dietz. Dêrnei komt Livius yn it jier dêrop foar as lid fan de Steaten fan Fryslân. Dêrneist wie er kommittearre yn de Keamer fan Finânsjes yn De Haach en meunsterkommissaris fan Fryslân. Bouma, R. (1997). Boelens II. Genealogysk Jierboek 1997, s.83-103. Ek kaam er tusken 1649 en 1652 foar as folmacht foar de lândei út namme fan Achtkarspelen. Nei syn ferstjerren yn 1653 waard er as grytman fan Achtkarspelen opfolge troch Livius fan Scheltinga (1632-1670). It rouboerd foar Livius Boelens is yn de kolleksje fan it Frysk Museum. Hy waard beïerdige yn de Mariatsjerke yn Bûtenpost.

Houlik Boelens troude yn 1649 te Ljouwert mei Aaltje van Douma (†> 1655), dochter fan Epe fan Douma, grytman fan Ferwerderadiel, en Sjouck van Hiddema. Aaltje soe nei it ferstjerren fan Livius fannijs trouwe mei Zeino van Welvelde, ûntfanger-generaal fan Drinte. Gras, H. (1991). Vredeveld: de teloorgang van een havezate. Asser Historisch Tijdschrift, 1(4), ss.17-24.

Sjoch ek List fan grytmannen fan Achtkarspelen

Kategory:Grytman fan Achtkarspelen Kategory:Fan Boelens Kategory:Persoan berne yn Bûtenpost Kategory:Persoan stoarn yn Bûtenpost Kategory:persoan berne yn 1630 Kategory:Persoan stoarn yn 1653