De súdlike griiskopmosk (Passer diffusus; synonym: Passer griseus diffusus) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

Ferskining De súdlike griiskopmosk is effen griis op 'e kop en ûnderkant, wylst de boppekant, de mantel en de wjukken brún binne mei in fariabele wite wjukbân ûnder it skouder. De snaffel is swart yn it briedseizoen en hoarnkleurich yn 'e rest fan it jier. De soarte liket tige op 'e noardlike griiskopmosk, mar dy hat in tsjusterder kop, in kontrastearjender wite kiel en in foarsere snaffel dy't it hiele jier troch tsjuster is.

De rop is in tsjilp, sêfter en melodieuzer as de rop fan 'e húsmosk. It sjongen bestiet út in searje ferlykbere tsjilpen, dy't op inoar folgje.

Fersprieding De súdlike griiskopmosk wurdt fan Angoala en Sambia oant Súd-Afrika fûn. Hy wurdt yn fjouwer ûndersoarten ferdield mei de folgjende fersprieding:

Passer diffusus diffusus - Angoala nei Namybje, súdwestlik Sambia, westlik Simbabwe en westlik Súd-Afrika. Passer diffusus luangwae – eastlik Sambia (boppe-Luangwa-delling). Passer diffusus mosambicus - súdeastlik Malawy, noardlik Mozambyk en súdeastlik Tanzania. Passer diffusus stygiceps – súdeastlik Sambia, súdwestlik Malawy en súdlik Mozambyk oant eastlik Súd-Afrika.

Earder waard de soarte ek wol as in ûndersoarte fan 'e noardlike griiskopmosk (Passer griseus) behannele.

Hâlden en dragen Súdlike griiskopmosken libje yn iepen akasiabosken, faak by delsettings en se wurde ek yn beboude gebieten sjoen. Yn it noarden komt er yn in drûgere omjouwing foar, dêr't er hiel faak te sjen is yn mopane-beammen. Syn dieet bestiet út gerssied en ynsekten, mar ek knoppen, beien en nektar. Hy foerazjearret yn pearkes en lytse kloften. Wat net gewoan is foar de soarten yn it skaai is dat de fûgel sawol hipt as kuieret.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en der binne gjin bedrigingen bekend. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN ) de soarte as net bedrige (Least Concern). De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de fûgel wurdt as gewoan en wiidferspraat beskreaun.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe