Livius fan Scheltinga of Lieuwe fan Scheltinga (Ljouwert, 4 augustus 1632 - Bûtenpost, 16 juny 1670) wie in Frysk bestjoerder.

Biografy thumb|175px|left|Scheltingastate yn Bûtenpost Fan Scheltinga wie in soan fan Livius fan Scheltinga (sa'n 1589-1650), kurator fan de Akademy te Frjentsjer en sekretaris fan de Rekkenkeamer en fan de Steaten fan Fryslân, en Anna de Blocq (1593-1666). Livius wie lid fan de famylje Fan Scheltinga. Syn broer, Daniël de Blocq fan Scheltinga, wie grytman fan Skoatterlân. Livius waard yn Ljouwert as Lieuwe doopt op 27 july 1656. Vries, O., Hempenius-van Dijk, B.S., Nieuwland, P. & Baks, P. (1999). De Heeren van den Raede. Biografieën en groepsportret van de raadsheren van het Hof van Friesland, 1499-1811. Hilversum: Uitgeverij Verloren.

Fan Scheltinga folge Livius Boelens yn 1653 op as grytman fan Achtkarspelen. Fan dat jier ôf kaam er ek op as Folmacht foar de lândei út namme fan Achtkarspelen. .Engels, M.H.H. (2009). Volmachten of Staten van Friesland 1632 t/m 1700 Oostergo. [online] Beskikber fia: Mpaginae.nl. [Sjoen op 14 jannewaris 2024]. Argivearre op 14 jan. 2024. Oare amten dy't Fan Scheltinga besette, wiene kommittearre fan de Generaliteitsrekkenkeamer en kommittearre fan de Ried fan Steat. Kooijmans, M., Ibeling, B.J., Sluijter, R.G.H., Roelevink, J. & Kooijmans, M. (2007). Livius van Scheltinga. [online] Beskikber fia: Resources.huygens.knaw.nl. [Sjoen op 14 jannewaris 2024]. Argivearre op 14 jannewaris 2024. Yn Bûtenpost bewenne de famylje Fan Scheltinga de Scheltingastate, dêr't fierder net folle oer bekend is. Plaatselijk Belang Buitenpost (2024). De verdwenen states. [online] Beskikber fia: Binnenbuitenpost.nl. [Rieplachte op 14 jannewaris 2024]. Argivearre op 14 jannewaris 2024.

Nei syn ferstjerren yn 1670 waard Fan Scheltinga as grytman fan Achtkarspelen opfolge troch Tsjerk Boelens.

Houlik en bern Livius boaske yn 1654 yn Stiens mei Wisck fan Kinnema (1633-1668), dochter fan Cornelius van Kinnema, advokaat en letter riedshear oan it Hof fan Fryslân, en Romckjen Fockens. It pear krige acht bern, ûnder oaren: Livius van Scheltinga (1655-1699), troude mei Sophia Catharina Broersma, in dochter fan Gajus Botnia fan Broersma, sekretaris fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Martinus fan Scheltinga (1656-1726), troude mei Jetske Wisckia Broersma, in dochter fan Gajus Botnia fan Broersma, sekretaris fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Eritia van Scheltinga, boaske oan Hessel fan Sminia, sekretaris fan de Rekkenkeamer en ried by de Admiraliteit yn it Noarderkertier. Anna fan Scheltinga (1665-1726), troude mei Aulus fan Haersma (1670-1717), grytman fan Smellingerlân.Ley, R. van der (1985). Haersma fan Eastermar. Genealogysk Jierboek 1985, ss.58-80. Romelia fan Scheltinga (1668-1702), troude mei Eelco fan Haersma, grytman fan Achtkarspelen.

Roubuorden

Sjoch ek List fan grytmannen fan Achtkarspelen

Livius Kategory:Grytman fan Achtkarspelen Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Bûtenpost Kategory:Persoan berne yn 1632 Kategory:Persoan stoarn yn 1670