De rotsmosk (Petronia petronia) is in fûgel út 'e famylje fan ' e rotsmosken (Petronia).
Ferskining De rotsmosk is in grutte en krêftige moskfûgel fan 15 oant 17 sintimeter en in spanwiidte fan 21 oant 23 sintimeter. Underskiedend is in tige dúdlike rjemmekleurige wynbraustreek en in fletsere streek oer de krún. Op 'e rêch hat de soarte sânkleurige streken en de sturt is brún mei ljochte plakjes. De donkere fearren fan 'e wjukken ha ljochte rânen. De ûnderkant is ljocht mei lange grize streken. Op 'e kiel hat er in giel plak, dy't net altiten goed te sjen is. Dat plak is belangryk yn it briedseizoen om de status te markearjen. De skaaien binne lyk oan inoar.
Fersprieding De rotsmosk wurdt yn Súd-Europa en Noard-Afrika eastlik troch it noardlike Midden-Easten oant Mongoalje oantroffen. It Ynternasjonaal Ornitologysk Kongres (IOC) ferdielt de fûgel yn sân ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Petronia petronia petronia – Kanaryske Eilannen en Madeira, lykas ek Europa eastlik oant Bulgarije en fierder yn westlik Anatoalje. Petronia petronia barbara – Noard-Afrika fan Marokko oant Algerije, Tuneezje en westlik Lybje. Petronia petronia puteicola – súdlik Turkije oant súdlik Syrje noardlik Israel en Jordaanje. Petronia petronia exigua – Sintraal-Turkije oant de noardlike Kaukasus, noardlik Irak en noardlik Iran. Petronia petronia kirhizica - Beneden-Wolga nei de Turgay-delling yn Kazachstan en de Aralmar. Petronia petronia intermedia – Transkaspyske regio oant Iran, noardlik Afganistan, Pamir en westlik Kunlunberchtme. Petronia petronia brevirostris – eastlik Sibearje oant Mongoalje, noardwestlik Mantsjoerije en noardlik Sichuan yn súdwestlik Sina.
De fûgel is benammen in stânfûgel, yn it easten foar in part in trekfûgel. Nei it brieden ferspriedt de soarte him wat en yn 'e winter siket er legere gebieten. Benoarden syn ferspriedingsgebiet is er in tige seldsume dwaalgast.
Ekology De rotsmosk libbet yn beamleaze lânskippen, fan woastyneftige steppes oant rotsige hellingen en ravinen. Yn Spanje komt er ek faak foar yn iepen bosk- of parklânskip mei bygelyks Pinus pinaster. Hy wurdt ek faak sjoen op syk nei iten yn lânbougebieten, wyngerds, olivebosken, om âlde gebouwen hinne en yn guon gebieten tichtby minsken. De rotsmos yt benammen sied, mar ek lytse beien en yn it briedseizoen ek termiten en kevers. thumb|left|Aaikes. De fûgel briedt fan maaie oant augustus yn pearen of yn losse koloanjes. It wyfke leit fjouwer oant sân aaien yn in suterich gersnêst yn in rotsspjalt of yn in gat yn in gebou.
Status en bedrigingen De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje en der wurdt oannommen dat de populaasje groeit. Dêrfandinne wurdt de soarte troch de IUCN as net bedrige klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt op 21,6 oant 46,7 miljoen folwoeksen fûgels rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Rotsmosk Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo