De feale rotsmosk (Carpospiza brachydactyla) is in sjongfûgel yn it skaai feale rotsmosken (Carpospiza) út de famylje fan 'e moskfûgels.
Ferskining De feale rotsmosk is in relatyf slanke mosk mei in lytse kop en in lingte fan 14,5 oant 15,5 sintimeter. It fearrekleed is ljochtbêzje-griis, mei in swakke en ljochtere wynbraustreek en twa ljochtere, net hiel dúdlike wjukbannen. De sterke mar koarte snaffel is yn it briedseizoen donkergriis yn winterdeis ljochter bêzjegriis. De sturt hat wite plakken op 'e punt, dy't te sjen binne yn 'e flecht.
Fersprieding De feale rotsmosk is in trekfûgel, dy't fan Súdeast-Turkije en de súdlike Kaukasus nei it easten oan Iran en fierder nei it suden troch it Midden-Easten en lokaal op it Arabysk Skiereilân, útsein yn it súdwesten. De fûgel oerwinteret yn it súdwesten fan it Arabyske Skiereilân en yn Noardeast-Afrika. Eksimplaren wurde út en troch ek waarnommen op Syprus, Egypte, Jemen en Dagestan in Ruslân.
Systematyk De soarte waard foarhinne yn it skaai Petronia set, mar út DNA-ûndersyk die bliken dat de soarte fierder fan dy soarten ôf stiet. Der is op basis fan it nêst, de aaien en de útkommen piken, de sang en it feit dat de jonge fûgel mar foar in part ferfearret ek útsteld dat de fûgel besibbe is oan 'e famylje Fringillidae. De plasse fan 'e feale rotsmosk liket lykwols op dy fan 'e Passeridae. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat se net yn ûndersoarten ferdield wurdt.
Ekology De fûgel komt op keale hellingen met fersprate strûken yn drûge berchgebieten foar. It nêst wurdt leech yn in beam of strûk boud en is in suterich heal boltsje fan tûkjes, stangels en gers. It wyfke leit trije oant seis aaikes, dy't nei 13 oant 14 dagen brieden útkomme.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling, dy't nei alle gedachten gjin grutte bedrigingen kent. Dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar Natuerbehâld (IUCN) as net bedrige (Least Concern, 2018). De lytse Europeeske populaasje wurdt op 6.000 oant 18.300 pearkes rûsd en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Feale rotsmosk Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten