De wytbraustrewelmosk (Gymnoris superciliaris, synonym Petronia superciliaris) is in sjongfûgel yn it skaai strewelmosken (Gymnoris) út de famylje fan 'e moskfûgels.
Ferskining thumb|left|Petronia superciliaris De wytbraustrewelmosk wurdt likernôch 15 sm lang en is te werkennen oan 'e brede, krêmkleurige wynbraustreek. Lykas oare soarten yn it skaai hat de soarte in giel plak ûnder de kiel, mar dy is allinnich ûnder de krekte omstannichheden te sjen.
Fersprieding en systematyk Fan 'e fûgel wurde fjouwer ûndersoarten erkend:
G. s. bororensis - komt foar fan Tanzania, súdlik Malawy, noardlik Mozambyk oant noardeastlik KwaZulu-Natal en eastlik Swazylân. G. s. flavigula -komt foar yn súdlik Sambia, Simbabwe, westlik Mozambyk, eastlik Botswana en noardlik Súd-Afrika. G. s. rufitergum - komt foar fan 'e súdlike Demokratysk Republyk Kongo oant súdwestlik Tanzania , noardlik Malawy, Sambia, Angoala en noardwestlik Botswana. G. s. superciliaris - komt foar yn Súd-Afrika (fan 'e Eastkaap oant KwaZulu-Natal).
It habitat fan 'e fûgel bestiet út healiepen, heuveleftich gea en savannes mei hjir en dêr wat boskjes. Ek komt de fûgel op kultuerlân foar oant 1500 m boppe seenivo.
Earder waarden de soarten fan it skaai Gymnoris opnommen yn Petronia, mar neffens DNA-stúdzjes binne de soarten yn skaai Gymnoris in sustergroep fan 'e mosken (Passer), wylst de rotsmosk (Petronia petronia) tichter by de sniemosken (Montifringilla) stiet.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Der binne gjin earnstige bedrigingen bekend en dêrfandinne wurdt de soarte troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN, 2024) as net bedrige (Least Concern, ) behannele. De wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de fûgel wurdt as algemien of lokaal algemien omskreaun.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strewelmosk Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe