Grûnmosken (Pyrgilauda) binne in fûgelskaai yn 'e famylje moskfûgels (Passeridae) en se wurde faak ek as sniemosken oantsjut. De fûgels yn it skaai binne oanpast oan in libben op heechlizzend, iepen en rotseftich gebiet, faak boppe de beamgrins. De fjouwer soarten komme alle fjouwer foar yn Sintraal- en Súd-Aazje, lykas op it Tibetaanske Plato, yn 'e Himalaya, de Hindu Kush en oangrinzgjende gebieten fan Sina, Nepal, Mongoalje en Afganistan.

It binne lytse oant middelgrutte moskfûgels en se ite meastentiids sied. Earder waarden sniemosken yn Montifringilla set en somtiden wurdt dat noch dien, mar op basis van morfology en DNA-ûndersyk waarden guon soarten yn Pyrgilauda set.

De typesoarte is de lytse grûnmosk (Pyrgilauda davidiana).

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding 120px Afgaanske grûnmosk Pyrgilauda theresae Afganistan120px readhalsgrûnmosk Pyrgilauda ruficollis Uttarakhand, Nepal, Sikkim en Bûtan120px lytse grûnmosk Pyrgilauda davidiana Mongoalje, súdlik Sibearje en noardlik Sina120px Tibetaanske grûnmosk Pyrgilauda blanfordi Sina, Yndia, Nepal en Pakistan

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Moskfûgel