De Fryske Steateferkiezings 2023 binne de ferkiezings foar it Frysk Parlemint dy't op woansdei 15 maart 2023 holden waarden. Mei dizze ferkiezings waarden de leden keazen fan de Provinsjale Steaten, de folksfertsjintwurdiging fan Fryslân en it heechste bestjoerlik orgaan binnen de provinsje.Fryslân.frl - Provinsjale Steaten

Dielnimmende partijen List Partij Listlûker 1 40px Kristen Demokratysk Appèl Friso Douwstra 2 40px Foarum foar Demokrasy Albert van Dijk 3 40px Partij fan de Arbeid Edou Hamstra 4 40px Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy Avine Fokkens-Kelder 5 40px Fryske Nasjonale Partij Sijbe Knol 6 40px GrienLinks Charda Kuipers 7 40px KristenUny Matthijs de Vries 8 40px Partij foar de Frijheid Max Aardema 9 40px Sosjalistyske Partij Hanneke Goede 10 40px Demokraten 66 Danny van der Weijde-Hoogstad 11 40px Partij foar de Bisten Menno Brouwer 13 40px It Júste Antwurd 21 Maarten Goudzwaard 15 40px Provinsjaal Belang Fryslân Sandra de Jong-Snip 17 40px BoerBoargerBeweging Abel KooistraPartijen sûnder úteinlike fertsjintwurdiging [Iepen- en tichtklappe] 12 40px 50PLUS Herman Nota 14 40px Belang fan Nederlân Johan Talsma 16 40px Algemiene Wetterskipspartij Frans de Graaf Oanrin De oanrin nei dizze ferkiezings waard sterk kleure troch it stikstofdossier. De plannen fan it kabinet om de útstjit drastysk te ferminderjen rekke de agraryske mienskip djip, en yn in provinsje dêr’t boeren in grutte rol spylje, waard dat fuortendaliks field. De boereprotesten fan de jierren dêrfoar hiene in duorsum spoar lutsen, mei in groeiend gefoel ûnder in part fan de befolking dat de polityk te fier fan it plattelân ôf stie. Dat gefoel waard in wichtige motor yn de politike ferskowingen dy’t yn de oanrin nei de ferkiezings sichtber waarden.Friezen yn mearderheid tsjin lanlike stikstofbelied - Omrop Fryslân

Foarum foar Demokrasy, dat yn 2019 noch in grutte lanlike oerwinning helle hie, rekke yn en nei de koronajierren yntern fersnipele. Skandalen, ôfskiedingen en ideologyske ferskowingen soargen foar in delgong yn stipe, ek yn Fryslân. It útienfallen fan de partij makke romte foar nije bewegingen om dy kiezers op te fangen, en in grut part fan dy romte waard ynnommen troch de BoerBoargerBeweging. De BBB koe him profilearje as de stim fan boeren en plattelânsbewenners dy’t har net heard fielden troch de tradisjonele partijen. De partij groeide yn de peilingen moanne nei moanne, en waard yn Fryslân al gau sjoen as de nije rjochtse belofte dy’t de ûnfrede oer it stikstofbelied en it wantrouwen yn de oerheid in politike foarm joech.

Tagelyk bleaunen oare tema's op de aginda stean, lykas de takomst fan it Fryske lânskip, de fraach hoe't sinne- en wynenerzjy in plak krije moasten, de posysje fan it Frysk yn ûnderwiis en oerheid, wentebou, kultuerjilden en de ekonomyske útdagings fan in fergriizgjende provinsje. Mar yn de praktyk waarden dy ûnderwerpen faak oerskaad troch de gruttere lanlike diskusjes dy't de ferkiezings dominearren. De kampanje waard dêrom in mjuks fan regionale belangen en lanlike ûnfrede, mei BBB as opkommende krêft.

Op lofts wie der diskusje oer mooglike gearwurking tusken GrienLinks en Partij fan de Arbeid. Lanlik waard praat oer fierdere ôfstimming tusken beide partijen, mei it each op de fersnipeling. Yn Fryslân wie der in soad twifel oer sa’n gearwurking: binnen beide partijen waarden sawol strategyske foardielen as neidielen beneamd. Uteinlik keazen de partijen foar aparte listen, mar de diskusje oer gearwurking gong ek nei de ferkiezings ta troch.Lutz Jacobi tsjin fúzje PvdA en GrienLinks: "It is top-down, dat steurt my freeslik" - Omrop Fryslân

Utslach

Op 23 maart 2023 waard yn in iepenbiere sitting fan it sintraal stimburo yn Ljouwert de definitive útslach fêststeld.Proces-verbaal uitslag verkiezing Provinciale Staten Fryslân 2023 De BBB waard mei 94.458 stimmen (goed foar 27,86 prosint fan de jildige stimmen) de grutste partij. Dêrmei kaam de partij út it neat yn de Steaten mei 14 sitten. De PvdA einige as twadde mei 36.023 stimmen en fiif sitten. It CDA en de FNP folgen mei respektivelik mei elk fjouwer sitten. De VVD en GL behellen elk trije sitten. CU en PVV krigen beide twa sitten. FVD, SP, PvdD, D66, JA21 en PBF hellen elk ien sit. BVNL, 50+ en AWP bleaunen ûnder de kiesdrompel en behellen gjin sit.

Yn ferliking mei de foarige ferkiezings liet benammen BBB in sterke groei sjen, wylst FVD dúdlikerwize fiif sitten ferlear. Ek it CDA helle fjouwer minder sitten as by de foarige ferkiezings. +Ferkiezingsútslach Fryske Steateferkiezings 2023 Partij Stimmen %+/- E.O. D.H. Sitten +/- BBB 94.458 27,9% 27,9% 12,38 14,00 14 14PvdA 36.023 10,6% 2,8% 4,72 5,34 5 1CDA 29.669 8,7% 7,9% 3,89 4,40 4 4FNP 27.298 8,1% 0,1% 3,58 4,05 4 VVD 22.843 6,7% 2,7% 2,99 3,39 3 1GL 22.181 6,5% 1,1% 2,91 3,29 3 CU 17.883 5,3% 1,3% 2,34 2,65 2 1PVV 15.102 4,5% 1,3% 1,98 2,24 2 1 FVD 12.366 3,6% 9,8% 1,62 1,83 1 5 SP 11.724 3,5% 1,7% 1,54 1,74 1 1 PvdD 11.402 3,4% 0,1% 1,49 1,69 1 D66 11.237 3,3% 0,8% 1,47 1,67 1 1 JA21 9.096 2,7% 2,7% 1,19 1,35 1 1 PBF 6.891 2,0% 0,2% 0,90 1,02 1 1Effektive stimmen328.17396,8%- 43 48,64430 BVNL 6.033 1,8% 1,8% 50+ 2.903 0,9% 1,7% 1 AWP 1.971 0,6% 0,6%Fergriemde stimmen10.9073,2%[Iepen- en tichtklappe]Jildige stimmen339.080100%

Metoade De 43 sitten yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân waarden ferdield mei de D'Hondt-metoade. Dizze metoade hie in fiktive parlemintsgrutte fan 48,64 sitten nedich om de 43 hiele sitten te ferdielen. Troch dizze ferdielmetoade krige de BoerBurgerBeweging 14 sitten tawezen. Dat binne der twa mear as je mei in strikt evenredige oanpart fan 12,38 sitten ferwachtsje soe. Dit gong ten koste fan Foarum foar Demokrasy (1,62 sitten) en de Sosjalistyske Partij (1,54 sitten) dy't beide ien sit krigen ynstee fan twa. +Oare sakenKiesgerjochtigden519.118100%Net opkaam178.46434,4%Opkomst340.65465,6%Ûnjildich7300,14%Blanko8440,16%Jildige stimmen339.08065,3%Kiesdieler7.885,58De kiesdieler wurdt bepaald troch it oantal jildige stimmen fan 399.080 te dielen troch it totale oantal fan 43 sitten.1,5%Kiesdrompel6.747,00De lêste en 43e sit neffens de D'Hondt-metoade komt út op de 14e sit fan de BBB. De kiesdrompel wurdt dus fêststeld op 94.458 / 14 = 6.747,00.1,3%Foarkarsdrompel1.971,40De foarkarsdrompel wurdt bepaald troch 25% fan de kiesdieler te nimmen.0,38%

Utslach de gemeente De útslach lit sjen dat de BBB yn alle gemeenten de grutste partij waard. Benammen yn de Stellingwerven wie de stipe grut, mei sa'n 41% fan de effektive stimmen. Ek yn De Fryske Marren, Noardeast-Fryslân, Opsterlân, Dantumadiel, Achtkarspelen en op de Waadeilannen kaam de partij boppe de 30%. Allinnich yn Ljouwert bleau BBB mei 18% dúdlik ûnder it provinsjaal gemiddelde.

Yn de stêd Ljouwert wie it byld sawisa mear ferspraat. Dêr hellen PvdA en GrienLinks relatyf hege persintaazjes fan respektivelik 16 en 12 persint. Ek SP, D66 en PvdD diene it dêr relatyf goed yn ferliking mei oare gemeenten. Ek op de Waadeilannen helle de PvdA mei 18% in relatyf hege skoare. De FNP liet benammen yn Noardeast-Fryslân, Tytsjerksteradiel en Waadhoeke in sterke posysje sjen, mei oandielen fan boppe de 10%. It CDA behelle benammen yn de Wâlden rûn de 11%, ûnder mear yn Achtkarspelen, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.

Opfallend wie fierder it relatyf hege oandiel fan de KristenUny yn Dantumadiel, Achtkarspelen en Smellingerlân, dêr’t de partij minstens 10% fan de stimmen krige. De PVV helle yn guon gemeenten, lykas Achtkarspelen, Dantumadiel en Harns, boppe de 6 persint. Op It Hearrenfean hellen benammen de liberale partijen VVD en D66 in heger oandiel as yn in soad oare gemeenten en de VVD skoarde ek op de Waadeilannen en yn Harns heech.

Oer it generaal is der in ferskil te sjen tusken de mear ferstedske gemeenten en it plattelân. Yn Ljouwert, Smellingerlân (Drachten), It Hearrenfean en Harns bleau it stimpersintaazje fan BBB efter by dat yn in protte plattelânsgemeenten, wylst oare partijen dêr relatyf sterker foar it ljocht kamen. +Ideaaloanpart de gemeente (op folchoarder fan lofts nei rjochts)border|20px Ljouwert2,32,05,26,82,21,82,93,1,77,73,31,41,91,6border|20px Smellingerlân1,32,02,94,81,64,32,64,31,49,72,91,02,32,0border|20px Tytsjerksteradiel1,31,42,74,31,22,85,14,8,611,92,51,11,91,4border|20px It Hearrenfean1,61,83,25,82,01,73,23,11,211,04,01,11,71,6border|20px Waadhoeke1,31,62,34,31,01,84,94,21,113,42,61,11,71,5border|20px Súdwest-Fryslân1,41,42,44,61,61,74,14,5,912,83,31,21,71,5border|20px Harns2,01,82,85,91,41,61,74,11,210,63,81,62,71,9border|20px Opsterlân1,31,32,74,21,63,04,52,9,814,02,6,91,71,5border|20px Dantumadiel,81,21,52,9,75,04,04,9,514,41,41,12,71,8border|20px Noardeast-Fryslân1,21,11,82,6,73,35,34,8,514,91,91,12,01,6border|20pxborder|20pxborder|20pxborder|20px Waadeilannen1,71,12,27,51,7,81,02,91,913,64,91,41,3,9border|20px Achtkarspelen0,70,91,43,0,64,44,44,8,613,71,70,93,32,6border|20px De Fryske Marren1,11,02,13,61,31,64,44,1,815,13,41,41,81,5border|20px Eaststellingwerf1,81,52,74,01,12,01,52,61,217,52,6,92,01,5border|20px Weststellingwerf1,61,52,53,81,21,21,03,11,117,53,41,52,31,6 border|20px Fryslân1,51,52,94,71,52,33,63,9,912,43,01,22,01,6

Formaasje

De ferkenner wie Chris Stoffer fan de SGP dy't op 22 maart begûn.Omrop Fryslân - Alle Steatefraksjes akkoart mei foardracht Chris Stoffer as ferkenner De partijleaze boargemaster fan Achterkarspelen Oebele Brouwer waard dêrnei op 5 april foardroegen as formateur.Omrop Fryslân - Oebele Brouwer formateur foar nije provinsjale koälysje De formaasje fan in nij kolleezje fan Deputearre Steaten ferrûn dêrnei net sûnder swierrichheden. Yn earste ynstânsje waard de Partij fan de Arbeid by de ûnderhannelings behelle, mar dy partij luts har op 20 juni werom út de beëage koälysje.Omrop Fryslân - Formaasje nije provinsjebestoer rint fêst; PvdA stapt út ûnderhannelings De reden hjirfoar wiene de soargen oer foarnommen besunigings op natoer en kultuer.Omrop Fryslân - PvdA-gewest Fryslân stipet beslút Hamstra om út koälysje te stappen Op 23 juni waard oanjûn dat de PvdA ferfongen waard troch de FNP.Omrop Fryslân - FNP ferfangt PvdA by koälysje-ûnderhannelingen, VVD bot teloarsteld

Op 13 july wiene de fiif beëage deputearren bekend.Fryslân hat it jongste kolleezje fan Deputearre Steaten fan Nederlân: dit binne se - Omrop Fryslân Nei in formaasje fan rom fjouwer moannen waard der in nij Kolleezje fan Deputearre Steaten foarme besteande út de BoerBurgerBeweging, it CDA, de Fryske Nasjonale Partij en de KristenUny. Dizze sintrum-rjochtse koälysje hie meïnoar in mearderheid fan 24 fan de 43 sitten yn de Fryske Steaten. It koalysje-akkoart mei de titel 'Oparbeidzje foar Fryslân' waard op 19 july 2023 presintearre.Omrop Fryslân - Romme mearderheid foar de fiif deputearren, mar ek grutte soargen oer provinsjale finânsjes

Keazen leden en deputearren De kiesdrompel foar kandidaten waard mei 25% fan de kiesdieler fêststeld op 1.972 stimmen. Hjirtroch waarden 24 kandidaten mei foarkarsstimmen selektearre en 19 fia de listfolchoarder. Femke Wiersma fan de BBB stie as listtriuwer op in 28e plak, maar waard streekrjocht ferkeazen troch stipe fan 8.206 stimmers. Dochs naam se har sit net yn om't se inkeld kandidaat-deputearre wie.Definitive útslach Steateferkiezingen bekend: dit binne de 43 Steateleden - Omrop Fryslân Frederique Kosse behelle 2.426 foarkarsstimmen, mar kaam net yn ’e Steaten om't de Partij foar de Bisten net genôch stimmen helle hie foar in twadde sit.

De earste 43 leden fan de Fryske Steaten waarden op 29 maart 2023 ynstallearre.Omrop Fryslân - Fryske Steateleden ynstallearre: "Harkje nei-inoar en meitsje ferbining" Op 19 july 2023 waarden de fiif deputearren presintearre.