De grutte strewelmosk (Gymnoris pyrgita) is in sjongfûgel yn it skaai strewelmosken (Gymnoris) út de famylje fan 'e moskfûgels.
Ferskining De fûgel liket in soad op 'e lytse strewelmosk, mar is grutter en wurdt 15 oant 16 sintimeter. De nominaatfoarm is boppe meast effen jiskegriis mei in smelle, net dúdlike ljochtbêzje wynbraustreek, in ljochte eachring en in donkerbrún wang. De sturt is donkerbrún mei griisbêzje rânen oan 'e bûtenste fearren. It kin en de kiel binne wyteftich mei in giel plak op 'e ûnderkiel (faak dreech te sjen) en it boarst is griiseftich. Foar de rest is de fûgel ûnder smoarchwyt. De soarte hat in donkerbrune iris, in hoarnkleurige snaffel en blaugrize poaten. De skaaien ha in soad fan inoar, mar wyfkes ha gauris in minder dúdlik giel kielplak. Juvenilen binne wat bruner mei wat streken op 'e rêch en in mear opfallende wynbraustreek.
Fersprieding De grutte strewelmosk wurdt ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:
Gymnoris pyrgita pallida - komt foar fan súdlik Mauretaanje en Senegal oant Maly, Niger, Tsjaad en Sintraal-Sûdan. Gymnoris pyrgita pyrgita - komt foar yn Eritreä, Etioopje, Somaalje, súdeastlik Súd-Sûdan, noardeastlik Uganda, Kenia en noardlik Tanzania.
Grutte strewelmosken ha in foarkar foar drûge steppes mei Acaciabeammen en iepen bosklân, parken en kultivearre lân mei beammen oant in hichte fan 1800 m. Guon ha in foarkar foar rotseftige boaiem, mar wurde dan mear yn beammen as op 'e grûn sjoen.
Earder waard de soarten fan it skaai Gymnoris opnommen yn Petronia mar DNA-stúdzjes wiisden út dat de soarten yn Gymnoris in sustergroep binne fan 'e mosken yn Passer, wylst de rotsmosk (Petronia petronia) tichter by de sniemosken yn Montifringilla stiet.
Hâlden en dragen De briedtiid falt yn it westen fan it ferspriedingsgebiet foar it measte yn juny oant augustus. Eastlik briede se yn Somaalje fan maart oant april en yn Kenia en Tanzania folget de briedtiid de reinfal. De fûgels bouwe harren nêst yn beamholtes of op sânkliffen. In lechsel bestiet út trije oant fiif aaien. It iten bestiet út beien, ynsekten en sied en de soarte foerazjearret nei alle gedachten mear yn beammen as op 'e grûn.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje is net rûsd. Yn it ferspriedingsgebiet is de fûgel lokaal oanwêzich.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Strewelmosk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda