It Amerikaansk goudtúfke of Amerikaansk goudtoefke (Regulus satrapa) is fûgeltsje yn it skaai echte goudtúfkes (Regulus) út 'e famylje goudtúfkes (Regulidae).
Ferskining thumb|left|Mantsje. Folwoeksen fûgels binne oliifgriis oan 'e boppekant en ljocht fan ûnder. Se ha in tinne snaffel en in koarte sturt. De fûgel hat in swarte eachstreek en in giele krún mei in swarte râne. In folwoeksen mantsje hat oranje yn 'e midden fan 'e giele krún. In juvenyl liket op 'e folwoeksen fûgel, mar hat in brunere rêch en gjin giele krún.
It Amerikaansk goudtúfke is ien fan 'e lytste sjongfûgels fan Noard-Amearika. Se wurde 8 oant 11 sm lang en ha in spanwiidte fan 14 oant 18 sm.
Fersprieding It Amerikaansk goudtúfke is wiidferspraat yn Noard- en Middenamerikaanske nullebosken en hat fiif ûndersoarten:
R. s. olivaceus: fan it uterste súdeastlike Alaska en súdwestlik Kanada oant Oregon. R. s. apache: fan Alaska troch westlik sintraal Kanada en de westlik-sintrale Feriene Steaten oant noardlik Meksiko. R. s. satrapa: sintraal en eastlik Kanada, noardeastlik fan 'e Feriene Steaten. R. s. aztecus: Sintraal-Meksiko. R. s. clarus: súdlik Meksiko en Gûatemala.
Ekology De soarte yt ynsekten, dy't er siket yn beammen en strûken. It nêst sit goed ferside en hinget oan 'e tûke fan in nullebeam. De fûgel briedt yn 'e moannen maaie en juny en in lechsel bestiet út fiif oant alve aaikes en in soad pearkes briede nei it earste broed nochris. it Amerikaank goudtúfke kin better tsjin de kjeld as it robyntúfke.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2022). De wrâldpopulaasje wurdt op 140 miljoen folwoeksen fûgels rûsd (2019).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echt goudtúfke Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala