De Amerikaanske goudûle (wittenskiplike namme: Tyto furcata) is in fûgel út it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes), de famylje fan 'e goudûlefûgels (Tytonidae) en it skaai fan 'e goudûlen (Tyto). Dizze fûgel, dy't foarkomt yn in útstrutsen ferspriedingsgebiet yn Noard-, Midden- en Súd-Amearika, waard hiel lang as de westlike kloft ûndersoarten sjoen fan 'e (gewoane) goudûle (Tyto alba), dy't û.m. yn Jeropa libbet. De Amerikaanske goudûle is in middelgrutte ûle mei in fearrekleed dat foar in diel wyt en foar in diel giel en brún is. It is in nachtdier mei in karnivoar dieet, dat benammen bestiet út kjifdieren en oare lytse sûchdieren. De Amerikaanske goudûle is gjin bedrige fûgel.

Taksonomy De Amerikaanske goudûle waard yn 1827 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de foaroansteande Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck. Hiel lang waard derfan útgien dat de Amerikaanske goudûle in kloft ûndersoarten foarme dy't ta de gewoane goudûle (Tyto alba) hearden. Dy fûgel waard foarhinne in suver kosmopolityske fersprieding tadichte. Mar dêr is yn 'e ienentweintichste iuw feroaring yn kommen, mei't de oarspronklike goudûle (Tyto alba sensu latu, d.w.s. yn brede sin) no as in soartekompleks beskôge wurdt.

Yn 'e 2000-er jierren en de 2010-er jierren wiisden de útkomsten fan DNA-ûndersyk der nammentlik op dat de goudûle yn teminsten fjouwer ûnderskate soarten opspjalten wurde moast. Dêrby gie it om 'e (gewoane) goudûle (T. alba) mei tsien ûndersoarten yn Jeropa, Afrika en it Midden-Easten, de Amerikaanske goudûle (T. furcata) mei tsien ûndersoarten yn 'e Nije Wrâld, de eastlike goudûle (T. javanica) mei sân ûndersoarten yn Súd- en Súdeast-Aazje, Austraalje, súdwestlik Melaneezje en westlik Polyneezje, en de monotypyske Andamanengoudûle (T. deroepstorffi) op 'e Andamanen. Dy opspjalting is akseptearre troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU), mar (noch) net troch oare ornitologyske autoriteiten, lykas BirdLife International, in organisaasje dy't in list fan fûgelsoarten beheart dêr't de gesachhawwende Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN) him op basearret. It leit lykwols yn 'e reden dat de nije yndieling yn 'e neie takomst algemien akseptearre wurde sil.

It is (anno 2026) skoan mooglik dat der yn 'e kommende jierren noch inkele ûndersoarten fan 'e Amerikaanske goudûle ôfspjalten wurde sille. Op basis fan 'e útkomsten fan DNA-ûndersyk stelden de ornitologen Claus König, Friedhelm Weick en Jan-Hendrik Becking al yn 2009 foar om 'e wytwjukgoudûle (Tyto furcata furcata) en de Kurasauske goudûle (Tyto furcata bargei) as selsstannige soarten te erkennen. As dat barre soe, moat de wittenskiplike namme fan 'e Amerikaanske goudûle feroare wurde fan Tyto furcata yn Tyto tuidara, mei't de namme Tyto furcata dan nei de wytwjukgoudûle giet. In trêde nije selsstannige soarte soe de noch ûnbeskreaune fariant fan Bonêre (de Bonêregoudûle) wêze kinne.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e Amerikaanske goudûle rikt yn it noarden alhiel oant en mei it súdwestlike diel fan 'e Kanadeeske provinsje Britsk-Kolumbia, de súdlike helte fan Vancouvereilân en it Súdlik Skiereilân fan Ontario. Yn 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten ûntbrekt dizze fûgel inkeld yn 'e sintrale en noardlike Rocky Mountains, op it noarden fan 'e Grutte Flakten, yn it westen fan 'e Grutte Marren en yn 'e sintrale en noardlike Appalachen. By 't simmer doarmje eksimplaren soms noardoan, en sporadysk wurdt der bret yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Alberta, Saskatchewan, Manitoba, Kebek en de Kustprovinsjes.

Súdliker komt de Amerikaanske goudûle foar yn hiel Meksiko en Midden-Amearika, Cozumel yn Meksiko, de Baai-eilannen yn Hondoeras en de Peareleilannen yn Panama ynbegrepen. Ek it hiele fêstelân fan Súd-Amearika, mei dêropta it eilân Fjoerlân foar de súdpnt fan it kontinint, hearre ta it areaal. It tichtbegroeide Amazônegebiet is gjin gaadlik biotoop, en de fersprieding wie dêr earder tige fragmintarysk. Mar troch de ûntbosking liket de Amerikaanske goudûle dy regio no te kolonisearjen yn in mear opinoar oansletten fersprieding.

Yn it Karibysk Gebiet libbet dizze fûgel op Kuba, Hispanjoala, Jamaika, de Kaaimaneilannen en de Bahama's. Hy ûntbrekt op Porto Riko en de noardlike Lytse Antillen, mar is wol wer oanwêzich op 'e súdlike Lytse Antillen fan 'e eilannnen Barbûda (yn Antigûa en Barbûda) en Gûadelûp (in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk) ôf nei it suden ta. De Amerikaanske goudûle libbet ek op Arûba, Kurasau en Bonêre. Fierders komt dizze soarte foar op isolearre arsjipellen lykas Bermuda, it Kolombiaanske San Andres en Providencia, de Galapagoseilannen en de Falklâneilannen.

De Amerikaanske goudûle is troch de minske as eksoat yntrodusearre yn Hawaï, dêr't er him no op alle grutte eilannen stevich fêstige hat. Hy kaam as ynvasive eksoat ek foar op Lord Howe, in eilân yn 'e Tasmansee dat ta Austraalje heart. De populaasje dêre is ûnderwilens lykwols útrûge.

Uterlike skaaimerken De Amerikaanske goudûle ferskilt op it mêd fan uterlik net neamensweardich fan 'e nau besibbe 'gewoane' goudûle (Tyto alba) út Jeropa, West-Aazje en Afrika. It is in middelgrutte ûle mei trochinoar in totale lichemslingte fan 33–39 sm en in gewicht fan 280–480 g. De spanwiidte fan 'e wjukken bedraacht 80–95 sm. Der bestiet in beskate mjitte fan seksuele dimorfy yn dizze soarte, mei't de mantsjes yn trochsneed likernôch 10% lytser en lichter binne as de wyfkes en oer it algemien ek ljochter fan kleur.

It antlit fan 'e Amerikaanske goudûle hat in foarm dy't op in hert liket as de skiif dy't bekend is fan ûlefûgels (Strigidae spp.). De eagen binne swart en grut en de snaffel is lyts en skerp en bûcht sterk nei ûnderen ta. De sturt hat in hoekige foarm, yn tsjinstelling ta de rûne sturt fan ûlefûgels. De teannen hawwe in rôze oant rôzich grize kleur, mei skerpe swarte kloeren oan 'e úteinen. It fearrekleed is wyt yn it antlit en op 'e kiel, bealch en poaten. De bealch is faak besprinzge mei dûnkerder spikkels. Op 'e efterholle, yn 'e nekke, en op 'e wjukken en sturt hawwe de fûgels in goudeftige kleur dêr't yn in ûnregelmjittich patroan grize oant brune plakken oerhinne lizze.

Biotoop Amerikaanske goudûlen komme benammen foar yn wat iepener wâlden, oan 'e boskrânen en yn iepen gebieten mei hjir en dêr wat beammen. Tichte wâlden mije se en itselde jildt foar heechberchtme. Kwa hichte bliuwt de Amerikaanske goudûle ornaris ûnder de 2.000 m boppe seenivo, hoewol't er yn 'e tropen fan Súd-Amearika soms op hichten oant 3.000 m waarnommen is. De Amerikaanske goudûle is net bysûnder skou foar minsken oer, en makket gauris gebrûk fan minsklike struktueren as útsjochtpunt (bgl. in hikke, stek of tillefoanpeal) en teffens as briedplak (bgl. in skuorre of hok). Hy kin goed jeie yn kultuerlânskippen lykas greiden of ikkers.

Hâlden en dragen De Amerikaanske goudûle in nachtdier, dat benammen aktyf is fan 'e jûnsskimer oant de moarnsdage en by ljochtskyndei rêst hâldt. Om him te rêden yn it nachtlik tsjuster brûkt er yn it foarste plak syn gehoar, hoewol't er by mar in hiel lyts bytsje ljocht ek treflik sjen kin. It is in stânfûgel, dy't net trekt. De mearderheid fan 'e Amerikaanske goudûlen is tige honkfêst en bringt hast it hiele libben op of deunby ien lokaasje troch. Utfleanende juvenilen tsjogge ornaris wol in flink ein fan har berteplak ôf, wat nei alle gedachten in ynstinktive foarm fan hâlden en dragen is dy't evolúsjonêr bedoeld is om yntylt tsjin te gean. Mar nei't se har earne nei wenjen setten hawwe, bliuwe se dêr. Oer it algemien lizze sokke fêstigingsplakken yn 'e Feriene Steaten 80–320 km fan it berteplak ôf, mei útsûnderlike útsjitters nei in dokumintearre maksimum fan 1,760 km.

De rop fan 'e Amerikaanske goudûle klinkt net as it hûûû-hûûû fan ûlefûgels (Strigidae spp.), mar bestiet ynstee út in karakteristike skelle, útrutsen skreau dy't fan sjriii klinkt. De fûgels hawwe in fêst territoarium wêryn't se jeie, mar se binne net bysûnder territoriaal en gefjochten mei soartgenoaten dy't har territoarium binnenkringe, komme frijwol net foar. De jachtstrategy fan 'e Amerikaanske goudûle is om stadich deun boppe de grûn om te fleanen. Dat bart yn folsleine stilte, want de flechtfearren oan syn wjukken binne oanpast om by it fleanen alhiel gjin leven te meitsjen. Sa kinne Amerikaanske goudûlen har proaien ûngemurken oer it mad komme, nei't se dy foar it meastepart op it gehoar opspoard hawwe. Wannear't se de posysje fan in proai bepaald hawwe, dûke se nei ûnderen ta en stekke fuort boppe de grûn de poaten út. Se gripe de proai mei de grutte kloeren oan har teannen en skuorre him mei de loft yn of lânje der boppe-op.

Yn 'e tropyske dielen fan Súd- en Midden-Amearika en it Karibysk Gebiet kinne Amerikaanske goudûlen har it hiele jier rûn fuortplantsje, mar yn Noard-Amearika falt de briedtiid yn it foarjier, fan maart oant en mei juny. Amerikaanske goudûlen binne ornaris monogaam; se foarmje pearkes dy't byinoar bliuwe oant ien fan beiden deagiet, wêrnei't de oerlibjende fûgel in nije partner siket. It nêstplak kin in beamholte, in rotsspjalt of in skoarstien wêze, of in smûk hoekje yn in skuorre of in leechsteande wente. Amerikaanske goudûlen nêstelje op hege, dreech berikbere plakken om predaasje fan aaien en piken troch de waskbear (Procyon lotor) foar te kommen, dat in earsten klimmer is. Nei de pearing leit it wyfke 2–9, mar yn trochsneed 5 wite, lichtlik ovale aaien. Hoewol't de aaien om 'e dei (d.w.s. op eltse twadde dei) lein wurde, begjint it brieden fuortendaliks sadree't it earste aai lein is. Dat brieden wurdt dien troch it wyfke, wylst it mantsje foar har jaget en har fretten bringt.

De briedtiid duorret likernôch 30 dagen. Om't de aaien om 'e dei lein binne, komme se ek rûchwei om 'e dei út. Dat betsjut dat de âldste pyk folle grutter en sterker is as de jongste. Dat is in evolúsjonêre oanpassing om sels by itenskrapte safolle mooglik jongen grutbringe te kinnen: de sterkste piken frette dan al it iten op en oerlibje, wylst de swakste piken stjerre. Dat liket wreed, mar it is foar it fuortbestean fan 'e soarte folle better as wannear't alle jongen fan 'e honger ferkomme soene. De piken binne nêstbliuwers, dy't yn 't earstoan folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden. As se út it aai komme, binne se oerdutsen mei grizich wyt dûns. Mei 20 dagen begjinne de echte fearren yn te groeien. Mei likernôch 40 dagen binne de piken like grut as har âlden, en mei 60–65 dagen hawwe se in folslein fearrekleed. Op dat punt binne se ree om út te fleanen. Se bliuwe alteast foar in part ôfhinklik fan fersoarging troch de âlden oant se 90 dagen âld binne. Yn 'e tuskenlizzende moanne leare se fan 'e mem hoe't se sels proaien fine en deadzje moatte. Wyfkes binne mei 10–11 moannen geslachtsryp en mantsjes mei 12 moannen. De trochsneed libbensferwachting fan in Amerikaanske goudûle bedraacht yn it wyld likernôch 4 jier.

Fretten De Amerikaanske goudûle is in hyperkarnivoar waans dieet foar goed 90% út lytse sûchdieren bestiet, lykas kjifdieren, hazze-eftigen, pipermûzen en flearmûzen. Fierwei de measte proaien binne kjifdieren, wêrby't it benammen giet om wrotmûseftigen (Cricetidae spp.). Pipermûzen (gjin kjifdieren, mar ynstee besibbe oan 'e stikelbargen en de mollen) binne de op ien nei meast fretten proaien. Njonken sûchdieren makket de Amerikaanske goudûle ek jacht op lytse oant middelgrutte fûgels, hagedissen, amfibyen en ynsekten. Dauwjirms wurde lykwols net fretten, sels as se in protte foarkomme wylst normale proaien krap binne.

Natuerlike fijannen