De eastlike goudûle (wittenskiplike namme: Tyto javanica) is in fûgel út it skift fan 'e ûle-eftigen (Strigiformes), de famylje fan 'e goudûlefûgels (Tytonidae) en it skaai fan 'e goudûlen (Tyto). Dizze fûgel komt foar yn yn Súd- en Súdeast-Aazje, Austraalje, súdwestlik Melaneezje en westlik Polyneezje. De eastlike goudûle waard lang as de eastlike groep ûndersoarten sjoen fan 'e (gewoane) goudûle (Tyto alba), dy't û.m. yn Jeropa libbet. De eastlike goudûle is in middelgrutte ûle mei in fearrekleed dat foar in diel wyt en foar in diel giel oant brunich is. It is in nachtdier mei in karnivoar dieet, dat benammen bestiet út kjifdieren en oare lytse sûchdieren. De eastlike goudûle wurdt net yn syn fuortbestean bedrige.

Taksonomy De eastlike goudûle waard yn 1788 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de foaroansteande Dútske soölooch en taksonoom Johann Friedrich Gmelin yn syn op 'e nij besjoene en útwreide ferzje fan 'e Systema Naturæ fan Carolus Linnaeus. Gmelin basearre syn beskriuwing op in eardere beskriuwing út 1787 fan 'e "Nachteule von Java" troch de Dútske botanikus Friedrich von Wurmb. Hiel lang waard derfan útgien dat de eastlike goudûle in kloft ûndersoarten foarme dy't ta de gewoane goudûle (Tyto alba) hearden. Dy fûgel waard foarhinne in suver kosmopolityske fersprieding tadichte. Mar dêr is yn 'e ienentweintichste iuw feroaring yn kommen, mei't de oarspronklike goudûle (Tyto alba sensu latu, d.w.s. yn brede sin) no as in soartekompleks beskôge wurdt.

Yn 'e 2000-er jierren en de 2010-er jierren wiisden de útkomsten fan DNA-ûndersyk der nammentlik op dat de goudûle yn teminsten fjouwer ûnderskate soarten opspjalten wurde moast. Dêrby gie it om 'e (gewoane) goudûle (T. alba) mei tsien ûndersoarten yn Jeropa, Afrika en it Midden-Easten, de Amerikaanske goudûle (T. furcata) mei tsien ûndersoarten yn 'e Nije Wrâld, de eastlike goudûle (T. javanica) mei sân ûndersoarten yn Súd- en Súdeast-Aazje, Austraalje, súdwestlik Melaneezje en westlik Polyneezje, en de monotypyske Andamanengoudûle (T. deroepstorffi) op 'e Andamanen. Dy opspjalting is akseptearre troch de Ynternasjonale Uny fan Ornitologen (IOU), mar (noch) net troch oare ornitologyske autoriteiten, lykas BirdLife International, in organisaasje dy't in list fan fûgelsoarten beheart dêr't de gesachhawwende Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN) him op basearret. It leit lykwols yn 'e reden dat de nije yndieling yn 'e neie takomst algemien akseptearre wurde sil.

Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e eastlike goudûle beslacht Súd- en Súdeast-Aazje, Austraalje, súdwestlik Melaneezje en westlik Polyneezje. Yn it noardwesten wurdt it begrinzge troch de Indusdelling en de Himalaya. It omfettet it hiele Yndysk subkontinint, útsein de westlike Tharwoastyn yn súdlik Pakistan. De eastlike goudûle komt ek foar op Sry Lanka. Yn Súdeast-Aazje leit de noardgrins fan 'e fersprieding yn súdeastlik Tibet, de Sineeske provinsje Yunnan en by de Reade Rivier lâns troch noardlik Fjetnam nei de kust fan 'e Golf fan Tonkin. It areaal folget it skiereilân Malakka nei de súdpunt by Singapoer en omfettet ek Sumatra, Java, en de Lytse Sûnda-eilannen fan Baly nei it easten, hielendal oant en mei de Tanimbareilannen yn 'e súdlike Molukken.

Yn Oseaanje hearre hiel Austraalje en Tasmaanje ta it ferspriedingsgebiet fan 'e eastlike goudûle. Op Nij-Guineä komt dizze fûgel foar yn it noarden en noardeasten fan Papoea Nij-Guineä en by de kusten fan it Papoeaskiereilân lâns. Hy libbet ek op Nij-Ierlân en it eastlike part fan Nij-Brittanje en op Bougainville. Fierder nei it easten hearre de Salomonseilannen, Fanûatû, Nij-Kaledoanje, Fidzjy, it Frânske oerseeske gebietsdiel Wallis en Fûtûna, Samoä, Amerikaansk-Samoä, Tonga en Niûé ta it areaal fan 'e eastlike goudûle. As dwaalgast dûke eastlike goudûlen út en troch op yn Nij-Seelân, en op 'e eilannen Norfolk en Lord Howe yn 'e noardlike Tasmansee of de súdlike Koraalsee. Dat lit sjen dat it oerstekken fan brede seeën net bûten it fermogen fan dizze fûgel leit. Yn 2008 wie der foar it earst in dokumintearre gefal fan eastlike goudûlen dy't yn Nij-Seelân bretten.

Uterlike skaaimerken De eastlike goudûle liket fan uterlik sterk op 'e nau besibbe 'gewoane' goudûle (Tyto alba) út Jeropa, West-Aazje en Afrika. It is in middelgrutte ûle mei in totale lichemslingte fan trochinoar 33–39 sm en in gewicht fan 280–480 g. De wjukspanne is yn trochsneed 80–95 sm. De eastlike goudûle fertoant in bytsje seksuele dimorfy, yn 'e sin dat de mantsjes in mjitte lytser en lichter binne as de wyfkes en ornaris ek wat ljochter fan kleur.

It antlit fan 'e eastlike goudûle hat net de bekende skiiffoarm fan 'e ûlefûgels (Strigidae spp.), mar liket mear op in hert. De eagen binne swart en grut en de snaffel is lyts en skerp en bûcht sterk nei ûnderen ta. De sturt hat in hoekige foarm, yn tsjinstelling ta de rûne sturt fan ûlefûgels. De rôze oant rôzich grize teannen binne tarist mei skerpe swarte kloeren. It fearrekleed fan 'e eastlike goudûle is wyt yn it antlit en op 'e kiel, bealch en poaten. De bealch is gauris besprinzge mei dûnkere spikkels. Op 'e efterholle, yn 'e nekke, en op 'e wjukken en sturt hawwe de fûgels in goudeftige kleur mei dêroerhinne yn in ûnregelmjittich patroan grize oant brune plakken.

Biotoop De eastlike goudûle is, krekt as de 'gewoane' goudûle (Tyto alba) en de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), in fûgel fan iepen gebieten mei hjir en dêr wat bosk, lykas savannes. Hy komt ek foar oan boskrânes en hat him treflik oanpast oan kultuerlânskippen lykas greiden en ikkers. Yn 'e regel bliuwt er ûnder de 2.000 m boppe seenivo, mar yn 'e tropen kin er waarnommen wurde oant 3.000 m.

Hâlden en dragen De eastlike goudûle is in nachtdier, dat oerdeis ornaris rêst hâldt. It is in stânfûgel, dy't net trekt. Eastlike goudûlen binne yn mearderheid tige honkfêst en bringen hast har hiele libben op ien en itselde plak troch. Allinnich fuort nei't se útflein binne, tsjogge se yn 'e regel in flink ein fan har berteplak ôf, wat nei alle gedachten in ynstinktive foarm fan hâlden en dragen is dy't yntylt tsjingean moat. Mar as in eastlike goudûle him earne fêstige hat, bliuwt er dêr foar de rest fan syn libben. De rop fan 'e eastlike goudûle liket hielendal net op it hûûû-hûûû fan ûlefûgels (Strigidae spp.), mar bestiet ynstee út in útrutsen skelle skreau dy't fan sjriii klinkt.

Pearkes eastlike goudûlen fêstigje in territoarium wêryn't se jeie, mar se binne net botte territoriaal en ferdigenje har territoarium mar kwealk tsjin ynkringende soartgenoaten. De eastlike goudûle hat in jachtstrategy dy't derút bestiet om stadich deun boppe de grûn om te fleanen. Dat wurdt dien yn folsleine stilte, want de flechtfearren oan syn wjukken binne oanpast om by it fleanen alhiel gjin leven te meitsjen. Yn it nachtlik tsjuster fertrout er benammen op syn tige skerpe gehoar, hoewol't syn eagen ek goed funksjonearje by mar in hiel lyts bytsje ljocht. Wannear't in eastlike goudûle in proai gewaarwurden is, komt er dy stilwei fan boppen ôf oer it mad troch in dûkflecht yn te setten en fuort boppe de grûn de poaten út te stekken. Hy grypt de proai dan mei syn fjoerskerpe kloeren en skuort him mei de loft yn of lânet der boppe-op.

Yn 'e tropyske dielen fan Súd- en Súdeast-Aazje, noardlik Austraalje, súdwestlik Melaneezje en westlik Polyneezje kinne eastlike goudûlen har it hiele jier rûn fuortplantsje. Yn 'e kâldere dielen fan it Yndysk subkontinint, by de foet fan 'e Himalaya lâns, falt de briedtiid yn it foarjier, fan maart oant en mei juny. Op Tasmaanje is dy perioade ferskood nei septimber oant en mei desimber, wannear't it maityd is op it súdlik healrûn. Yn 'e sintrale en súdlike dielen fan it Australyske fêstelân is de briedtiid ûnregelmjittich en hinget er ôf fan 'e komst fan 'e moesson of fan populaasje-eksploazjes fan 'e kjifdieren dy't de wichtichste proaien fan 'e eastlike goudûle binne.

De eastlike goudûle is yn 'e regel in monogame fûgel. Der foarmje har pearkes wêrfan't de partners byinoar bliuwe oant ien fan beiden deagiet, wêrnei't de oerlibjende fûgel in nije partner siket. Har nêst meitsje eastlike goudûlen yn in beamholte, in rotsspjalt of in oar nau gat, mar soms ek wol yn in smûk hoekje yn in skuorre of in leechsteand gebou. Se nêstelje ornaris op hege, dreech berikbere plakken om predaasje fan aaien en piken tsjin te kearen. Nei de pearing leit it wyfke 2–9, mar yn trochsneed 5 wite aaien. Hoewol't de aaien om 'e dei (d.w.s. op eltse twadde dei) lein wurde, begjint it brieden fuortendaliks sadree't it earste aai lein is. Dat brieden is útslutend it wurk fan it wyfke, en it mantsje hat de taak om foar syn partner te jeien en har fretten te bringen.

De briedtiid duorret sa'n 30 dagen. De aaien komme rûchwei om 'e dei út, om't se ek om 'e dei lein binne. Dat betsjut dat de âldste pyk folle grutter en sterker is as de jongste. Dat is in evolúsjonêre oanpassing om sels by itenskrapte safolle mooglik jongen grutbringe te kinnen: de sterkste piken frette dan al it iten op en oerlibje, wylst de swakste piken stjerre. Yn minsklike eagen liket dat wreed, mar it is foar de soarte al gehiel in logyske en effektive oerlibbingsstrategy.

De piken fan 'e eastlike goudûle binne nêstbliuwers, dy't de earste tiid folslein ôfhinklik binne fan fersoarging troch de âlden. As se út it aai komme, binne se oerdutsen mei grizich wyt dûns en pas mei 20 dagen begjinne de echte fearren yn te groeien. Mei 60–65 dagen hawwe se in folslein fearrekleed en binne se ree om út te fleanen. Ek dêrnei bliuwe se noch likernôch in moanne foar in part ôfhinklik fan fersoarging troch de âlden. Yn dy tiid leare se fan 'e mem hoe't se sels proaien fine en deadzje moatte. Wyfkes binne mei 10–11 moannen geslachtsryp en mantsjes mei 12 moannen. De trochsneed libbensferwachting fan in eastlike goudûle bedraacht yn it wyld likernôch 4 jier.

Fretten De eastlike goudûle is in hyperkarnivoar dy't inkeld en allinne fleis fret. Syn dieet wurdt foar likernôch 9/10 part opmakke út lytse sûchdieren, lykas kjifdieren, hazze-eftigen, pipermûzen en flearmûzen. Kjifdieren foarmje dêrby de grutte mearderheid fan 'e proaien. Dêrnjonken makket de eastlike goudûle ek jacht op lytse oant middelgrutte fûgels, hagedissen, amfibyen en ynsekten.

Natuerlike fijannen De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e eastlike goudûle binne middelgrutte karnivoare sûchdieren, dy't licht genôch binne om heech yn beammen te klimmen en de aaien en piken út 'e nêsten te fretten. Men kin dan tinke oan martereftigen lykas de Maleiske bûnte marter (Martes flavigula) of mangoesten lykas de Yndyske ichneumon (Urva edwardsii). Dêrnjonken wurde eastlike goudûlen ek bejage troch grutte rôffûgels, lykas de savanne-earn (Aquila rapax) en de steppe-earn (Aquila nipalensis) yn Aazje en de kylsturtearn (Aquila audax) yn Austraalje.

Status De eastlike goudûle is anno 2026 noch net op status beoardiele troch de IUCN. Mar sjoen it grutte ferspriedingsgebiet, it frij algemiene foarkommen en de stabile populaasje, kin steld wurde dat dizze soarte net yn syn fuortbestean bedrige wurdt. Yn guon gebieten kin in brekme oan gaadlike nêstplakken in beheinende faktor foarmje foar it oanwinnen fan in pleatslike populaasje.