De roetreager (Ardea sumatrana) is in fûgel yn it skaai reagers (Ardea) út 'e famylje reagerfûgels (Ardeidae) .
Ferskining thumb|left|Juvenyl. De roetreager is mei 115 sintimeter lingte grutter as de by ús foarkommende reade reager. It fearrekleed is meast tsjustergriis. Briedfûgels ha lange wyteftige sierfearren op 'e nekke, de skouders en op it boarst. Juvenilen binne bruner.
Fersprieding It ferspriedingsgebiet fan 'e roetreager leit fan Súdeast-Aazje oant Nij-Guineä en Austraalje. De fûgel komt fral oan 'e kust foar, op eilannen en koraalriffen, yn mangroves en by grutte rivieren. Inkeldris wurdt er ek by ûndjippe wetterpartijen mear yn it lân waarnommen.
Iten De fûgel is in solitêre jager dy't ûnferweechlik wachtet oant der in proai foarby komt. Syn iten bestiet út fisk, krabben en oare skaaldieren.
Status De grutte fan 'e wrâldpopulaasje waard yn 2023 op 11.000 oant 71.700 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre. Oannommen wurdt dat de oantallen stadichoan tebekrinne troch ferlies fan habitat en fersteuring troch minsken.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Reager Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam