It Taiwangoudtúfke of Taiwangoudtoefke (Regulus goodfellowi) is in fûgeltsje yn it skaai echte goudtúfkes (Regulus) út 'e famylje goudtúfkes (Regulidae).
Ferskining It Taiwangoudtúfke wurdt likernôch 9 sm lang en is de meast kleurrike soarte fan it skaai. It mantsje hat in helderoranje middenstreek oer de krún, ôfset mei swarte streken dy't yn in brede swarte bân oer de foarholle by inoar komme en kontrastearret mei de wite foarholle, wynbraustreek en sydkant fan it gesicht. De fûgel hat in wyt kin en in kontrastearjende swart snorstreek. De boppedielen binne gielgrien en de stút is heldergiel. It boarst is griis en fierder is de fûgel ûnder griiswyt mei giele flanken en in giele anaalstreek. Op 'e wjuk sitte twa wite streken, de slachpinnen ha giele rânen en de tertialen wyteftige rânen. Wyfkes ha gjin oranje mar in heldergiele krún. De iris is brún, de tinne snaffel is swart en syn poatsjes binne donkergriis.
Fersprieding De soarte is endemysk foar Taiwan en libbet yn grienbliuwende nullebosken boppe 2000 m oant 3700 m. It meast komt de fûgel lykwols op in hichte fan likernôch 2550 m foar. Se foerazjearje meast heech yn 'e beammen, mar weagje har ek yn legere begroeiïng.
Hâlden en dragen Taiwangoudtúfkes binne aktive en levendige fûgels en se binne meast solitêr, mar komme ek yn lytse losse groepkes fan 'e eigen soarte foar. Oer it briedgedrach is net in soad bekend. Se ite ynsekten en somtiden ek beien of plantaardich materiaal.
Status De fûgel is sterk oan bosk bûn en om't der bosk op Taiwan ferdwynt wurdt der oannommen dat de grutte fan 'e populaasje wat ôfnimt. De fûgel wurdt troch de IUCN lykwols as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Echt goudtúfke Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan