Echte goudtúfkes of echte goudtoefkes (Regulus) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje goudtúfkes (Regulidae).
Goudtúfkes binne de lytste sjongfûgels fan Europa en Noard-Amearika en wurde 8 oant 10 sm lang en 4 oant 7 gram. It binne rûne, kompakte fûgeltsjes mei in relatyf grut kopke, in koarte hals en sturt en in tinne, skerpe snaffel. Se ha foar it grutste part in oliifgrien oant griisgrien fearrekleed mei in opfallende giele streek oer de krún, dy't by mantsjes yn 'e regel in oranje sintrum hat. Op 'e wjukken ha se twa wite streken. It seksuëel dimorfisme is beheind en allinnich te sjen oan 'e oars kleure krún.
It binne tige aktive fûgeltsjes, dy't hieltiten yn beweging binne. Se foerazjearje heech yn beammen, fral nullebeammen. Meastentiids binne se allinnich of yn lytse groepkes, winterdeis ek mei miezen. It dieet bestiet hast allinnich út ynsekten. Guon populaasjes binne stânfûgels, oaren trekke oer koarte oant middellange ôfstannen.
De nêsten binne bolfoarmich, dy't ûnder tûken hingje en binne makke fan moas, spinreach en fearkes. It oantal aaikes is mei in lechsel fan 7 oant 12 relatyf heech en oanpast oan in yn 'e winter relatyf heech stjertesifer troch in tekoart oan iten. De fûgeltsjes libje yn 'e natuer net lang, meastentiids 1 oant 2 jier. Soarten Der wurde fiif soarten algemien erkend. It Teneryfgoudtúfke, dat op Teneryf en La Gomera foarkomt, wurdt meast as ûndersoarte fan 'e Regulus regulus beskôge. Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding 120px fjoertúfke Regulus ignicapilla Europa, Turkije, Noard-Afrika Regulus ignicapilla op BirdLife 120px Madearafjoertúfke Regulus madeirensis Madeara Regulus madeirensis op BirdLife 120px Taiwangoudtúfke Regulus goodfellowi) Taiwan Regulus goodfellowi op BirdLife 120px goudtúfke Regulus regulus Euraazje Regulus regulus op BirdLife 120px Amerikaansk goudtúfke Regulus satrapa Noard-Amearika Regulus regulus op BirdLife
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Goudtúfke