De lytse grûnmosk (Pyrgilauda davidiana) is in Aziatyske sjongfûgel yn it skaai grûnmosken (Pyrgilauda) út de famylje fan 'e moskfûgels.
Ferskining De lytse grûnmosk is lykas de namme seit in relatyf lytse soarte yn it skaai fan 12 oant 15 sm. De fûgel hat in swarte foarholle en in sânbrune krún en nekke en ek in wyt plak op 'e hânfearren. De mantel is streke.
It is in relatyf stille fûgel.
Fersprieding De soarte wurdt yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ferdield:
P. d. davidiana – komt foar fan Binnen-Mongoalje oant westlik Sina (Gansu en Qinghai) P. d. potanini – komt foar fan it súdeastlike Altaiberchtme oant Mongoalje en noardeastlik Sina.
Lykas oare soarten yn Pyrgilauda waard de fûgel earder yn Montifringilla set.
Hâlden en dragen Lytse grûnmosken komme foar yn healwoastinen op grutte hichten (1000-3000 m), rotseftige gebieten mei koart, drûch gers. Se briede tusken maaie en july of begin augustus yn pearkes of losse koloanjes. It is in stânfûgel, mar guon fûgels kinne nei it brieden nei legere gebieten migrearje. It dieet fan 'e soarte is net goed ûndersocht, mar bestiet út lyts sied fan gers en alpine planten en ynsekten.
Status It ferspriedingsgebiet fan 'e soarte is grut en der is in stabile ûntwikkeling. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (''Least Concern, 2025).
Namme De wittenskiplike namme fan 'e fûgel ferwiist nei Armand David (1826-1900), in Frânske misjonaris en natuerûndersiker dy't yn 'e jierren 1858 oant 1874 yn Sina wurke.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Grûnmosk Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje