Sniemosken (Montifringilla) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje moskfûgels (Passeriformes). It skaai omfiemet trije soarten dy't yn bercheftige regio's fan 'e Pyreneeën oant Nepal en Sina foarkomme.

De soarten fan it skaai libje yn 'e heechberchtmes fan Euraazje. Oars as dy fan it skaai Passer binne it gjin kultuerfolgers, mar dúdlik alpine fûgels. Se libje op alpine gerslân en op hellingen oant boppe de beamgrins (3.000–5.000 m). Winterdeis is der somtiden sprake fan hichtemigraasje nei legere gebieten.

Se binne mei 16 oant 19 sm foarser en langer is de measte Passer-soarten. De wjukken binne lang en spits en se ha in sterke, kegelfoarmige snaffel. De fearren binne foar it measte ljochtgriis oant wyt mei swarte aksinten. Tusken mantsjes en wyfkes binne de ferskillen lyts.

It iten bestiet út sied en fral yn 'e briedtiid wringeleazen. Se foerazjearje op iepen terrein. Nêsten wurde boud yn rotsen, op kliffen of yn gebouwen lykas kleasters en berchhutten. It nêst is komfoarmich en makke fan moas, gers en fearren. Se briede yn 'e regel ienris yn 't jier.

Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend 120px sniemosk Montifringilla nivalis Berchgebieten Súd-Europa, Sintraal-Aazje oant West-Sina. net bedrigeûnbekend Montifringilla nivalis op BirdLife 120px Tibetaanske sniemosk Montifringilla henrici Tibet. net bedrigestabyl Montifringilla henrici op BirdLife 120px Swartwjuksniemosk Montifringilla adamsi Yndia, Nepal, Pakistan, Sina. net bedrigestabyl Montifringilla adamsi op BirdLife

Kategory:Moskfûgel Kategory:Fûgelskaai