The Accountant is in Amerikaanske aksjefilm en skriller út 2016 ûnder rezjy fan Gavin O'Connor, mei yn 'e haadrollen Ben Affleck en Anna Kendrick. De titel betsjut "De Boekhâlder". It ferhaal folget Christian Wolff, in autistyske boekhâlder dy't de kost fertsjinnet mei it sanearjen fan 'e frauduleuze finânsjes fan kriminele en terroristyske organisaasjes út 'e hiele wrâld, wannear't se te lijen hawwe ûnder ynterne fertsjustering fan jild. Syn kontaktpersoan trunet him oan om noris in putsje oan te nimmen foar in gewoane fabrikant fan legale elektroanika, mar iroanysk genôch komt er troch dat wurk djipper yn 'e swierrichheden as ea tefoaren. Underwilens sitte in pear spesjaal aginten fan it Amerikaansk Ministearje fan Finânsjes him op 'e hakken. The Accountant krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. In ferfolchfilm, The Accountant 2, kaam út yn april 2025.

Plot Marybeth Medina, in analiste fan it Financial Crimes Enforcement Network of FinCEN, de opspoaringstsjinst fan it Amerikaansk Ministearje fan Finânsjes, wurdt by har baas roppen, direkteur Raymond King. Hy fertelt dat er wit dat sy de driuwende krêft west hat efter it oplossen fan ferskate resinte saken fan fraude en wytwaskjen en freget har wêrom't se gjin spesjaal aginte wurdt. Sy antwurdet dat har har hjoeddeistige funksje better by har past en dat se dêr tefreden mei is. King seit dat se in leagenster is en lit blike dat er wit dat Medina as minderjierrige feroardiele is foar swiere mishanneling. Se wol gjin spesjaal aginte wurde om't se wit dat soks oan it ljocht komme soe as har eftergrûn neirûn wurdt foar in promoasje ta spesjaal agint. Mar Medina hat ek al liigd by har sollisitaasje, oars hie se nea oannommen wurden as analiste. Dat is in misdriuw, en King seit dat hy it iennichste is dat tusken har en in finzenisstraf yn stiet. Hy wol dat sy foar him in ûndersyk útfierd dêr't gjin dossier fan oanlein wurdt en dêr't allinnich sy beiden fan ôfwitte. King wol witte wa't de boekhâlder is dy't foarkomt op ferskate foto's mei topfigueren út 'e ûnderwrâld en lieders fan terroristyske organisaasjes. Hy jout Medina in moanne de tiid om dat út te sykjen, mei't hysels oer in pear moanne mei pinsjoen giet. As it har slagget, sil hy derfoar soargje dat har kriminele ferline út 'e kompjûterbestannen fan 'e oerheid ferdwynt. Slagget it har net, dan jout er har oan.

In man dy't de skûlnamme Christian Wolff brûkt, wennet op 't heden yn Plainfield, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Hy wurket as boekhâlder en hat in eigen kantoar yn in lyts pleatslik winkelsintrum, dêr't er temûk eigner is alle winkels en restaurants. Hy brûkt it wikelsintrum as dekmantel foar it wytwaskjen fan it kontante jild dat er kriget út syn echte wurk. Hy is nammentlik spesjalisearre yn forinsysk boekhâlden: it útsykjen wêr't 'it lek' sit by organisaasjes dy't troch frauduleuze praktiken fan wurknimmers jild kwytreitsje. De organisaasjes dêr't er foar wurket, binne de maffia en oare foarmen fan 'e organisearre misdie, lykas grutte drugsdealers, en teffens terroristyske islamistyske groepen. Syn boekhâldkundige fermogens lykje him suver ûnoantaastber te meitsjen yn sokke gefaarlike fermiddens, mar it docht bliken dat er sels ek ekstreem goed traind is as skerpskutter en yn man-tsjin-mangefjochten. In mysterieuze frou oan 'e tillefoan, dy't in Britsk-Ingelsk aksint hat, fungearret as tuskenpersoan tusken Wolff en syn kriminele wurkjouwers.

Wolff funksjonearret min ofte mear normaal, hoewol't syn wurkfocus better is as dy fan 'e measte minsken. Mar as er jûns nei hûs giet, docht bliken dat er swier autistysk is. Yn in rige flashbacks wurdt syn libbensferhaal ferteld. Doe't er in jonge fan in jier as njoggen wie, woe syn mem, dy't net mear mei him omgean koe, him yn Harbor Neuroscience pleatse, in ynstelling foar swier autistyske bern. Syn heit, in kolonel by de ôfdieling Psychologyske Oarlochfiering fan it Amerikaanske Leger, lei dêr lykwols it near op. As syn soan oergefoelich wie foar prikels, moast er dêr neffens him krekt folle mear oan bleatsteld wurde om deroan te wennen, ynstee fan him yn in prikelearm fermidden op te bergjen sadat er nea oan 'e maatskippij dielnimme kinne soe. Dat mieningsferskil late ta in brek yn it houlik fan Wolff syn âldelju. Syn mem ferliet har húshâlding en ferbriek alle kontakt, wylst Wolff en syn in jier jongere broer Braxton efterbleaune by harren heit. Yn opdracht fan syn heit stelde Wolff himsels neitiid bleat oan alderhanne auditive en fisuele prikels, in foarm fan terapy dy't him yndie liek te helpen om himsels yn 'e wrâld te rêden. Tagelyk liet de kolonel syn beide soannen traine yn alderhanne fjochtsporten.

Syn tuskenpersoan trunet Wolff oan om noris in kear net foar kriminelen of terroristen te wurkjen, mar foar in gewoane, legale elektroanikafabrikant yn Chicago, deunby syn wenplak. Wolff jout ta en sy bringt him yn kontakt mei Living Robotics, in bedriuw dat elektroanyske protezes makket foar feteranen en oare lju dy't in amputaasje ûndergien hawwe. Wolff moetet koart Lamar Blackburn, de oprjochter fan it bedriuw, mar hy wurdt oannommen troch Lamar syn suster Rita Blackburn en finansjeel direkteur Ed Chilton. Sy fertelle him dat in wurknimster fan 'e administraasje-ôfdieling, Dana Cummings, ûngeregeldheden yn 'e boekhâlding ûntdutsen hat. Dana wurdt oan Wolff tawiisd as assistinte, mar hy stjoert har fuort om't er gjin ferlet hat fan help en de sitewaasje sels beoardielje wol. Letter, yn it middeisskoft, makket Dana in praatsje mei Wolff. Sa fertelt se him wat oer harsels en har âldelju, lykas dat har heit leaver Dogs Playing Poker fan Cassius Marcellus Coolidge (rûnom beskôge as kitsch) hat as echte keunst. Wolff prebearret in grapke te meitsjen troch te bearen dat hy Dogs Playing Poker ek prachtich fynt, mar syn gefoel foar humor is Dana te dreech, dat hy jaget har ûnbedoeld fuort.

Wolff hellet de nacht troch om fyftjin jier oan boekhâlding nei te rinnen en ûntdekt dat der by Living Robotics foar goed $61 miljoen fertsjustermoanne is. Hy fertelt dat oan Dana, dy't út nijsgjirrigens de oare moarns delkomt om te sjen wat er útfûn hat. Ek rapportearret er de útkomst oan Rita Blackburn, mar hy seit derby dat er noch net de identiteit fan 'e dief bepaald hat. Dêrnei nimt er de rest fan 'e wurkdei frij om by te sliepen. Dy nacht wurdt der by finansjeel direkteur Chilton ynbrutsen troch in trio hiermoardners, dy't him mei it drigemint om syn (sliepende) frou wat oan te dwaan, twinge om himsels tekoart te dwaan. Chilton hat sûkersykte en moat himsels mei in oerdoazis ynsuline ynspuitsje. Hy wurdt de oare moarns dea oantroffen troch syn frou, dy't krekt as de autoriteiten oannimt dat it om in ûngelok giet. Wannear't Wolff dy deis wer by Living Robotics arrivearret om fierder yn 'e boekhâlding te graven nei de identiteit fan 'e dief, blike al syn op whiteboards kwattele berekkenings útwiske te wêzen, wylst de argyfstikken wer opromme binne. Lamar Blackburn seit tsjin him dat der fierder gjin ferlet mear is fan syn tsjinsten. Syn freon Ed Chilton hie nammentlik al tritich jier sûkersykte, dat hy leaut net dat er himsels ea by fersin in oerdoazis ynsuline ynspuitsje soe. It wie dúdlik opsetlike selsmoard en dêrmei in ferkapte skuldbekentenis. Blackburn fynt it net nedich om Chilton syn namme fierder troch it slyk te heljen.

Dat pleatst Wolff yn in tige ûnoangename sitewaasje, want it is ien fan 'e twangneuroazes dêr't er troch syn autisme mei oanhelle is, om altyd dingen ôfmeitsje te moatten. As er in taak net foltôgje kin, bliuwt dat him dwerssitten op in manear dy't him suver letterlik yn 'e pine set en boppedat behinderet dat er oan in nije taak begjinne kin. Hy ferkeart sadwaande yn in steat fan oerstjoerens as der him in dei letter twa hiermoardners tenei komme. Wolff rommet harren allebeide út 'e wei. As er oan 'e weet besiket te kommen hokker fan syn eardere kriminele kliïnten him dea hawwe wol, ûntdekt er dat de mannen net inkeld op him ôf stjoerd binne, mar ek op Dana Cummings. Dat betsjut fansels dat de dief by Living Robotics net Ed Chilton wie, want de iennichste reden dat immen fan Living Robotics Wolff dea hawwe wol, is om foar te kommen dat Wolff útfynt wa't de echte dief is. Wolff skillet syn tuskenpersoan op, dy't mei in klik fan in mûs Christian Wolff weiwurde lit en in nije falske identiteit foar de boekhâlder aktivearret. Hy hoecht net werom nei hûs, want dêr is neat foar him. Alles fan wearde yn syn libben bewarret er net thús mar yn in grutte Airstream-caravan dy't er ûnder in oare skûlnamme yn in opslachromte stean hat en sa efter de auto heakje kin. Syn tuskenpersoan fiteret him oan om op slach te ferdwinen, mar Wolff is ûnderwilens in bytsje fereale rekke op Dana, dat hy beslút har te rêden.

Syn tuskenpersoan dirigearret Wolff nei Dana har adres ta, dêr't twa hiermoardners krekt op dat stuit har appartemint binnenkringe om har te deadzjen, wylst twa oaren de wacht hâlde op 'e gong. Wolff makket sûnder folle swierrichheden it hiele kwartet fan kant en nimt Dana mei. Om oan jild en fjoerwapens te kommen, moat er oan by syn caravan, dêr't in kastke fol leit mei kontant jild, wylst in oare romte yn gebrûk is as arsenaal. Dana, dy't net bûtendoar wachtet, sa't har hjitten is, mar deryn komt, fangt behalven fan it jild en de wapens ek in glimp op fan in skilderij dat in orizjinele Jackson Pollock liket te wêzen. (Wolff leit letter út dat guon fan syn kliïnten him yn natuera betelje.) Hy dûkt mei Dana ûnder yn in djoer hotel, dêr't se by in yntym momint hàst ta in tút komme. Mar de kâns giet foarby om't Wolff net it fermogen hat om echt kontakt mei oare minsken te meitsjen, ek al fielt er dêr wol oantriid ta. Hy beslút dat it nea wat wurde kin tusken him en Dana en lit har efter as se sliept om 'e wrâld wer feilich foar har te meitsjen. Mei't Chilton dúdlik net de dief wie, fertinkt er no Rita Blackburn. Mar as er by thús arrivearret, treft er har dea oan mei in skotwûne yn 'e foarholle. Hy folget har moardner in skoftke, dy't er werom liket te kennen, mar rekket de man kwyt wannear't dy foar it ferstân kriget dat er in skaad hat en it fjoer iepenet.

Underwilens hat spesjaal aginte Medina útdoktere dat Wolff in rige skûlnammen brûkt dy't de nammen ferneamde histoaryske wiskundigen binne (ûnder wa Carl Gauss, Lewis Carroll en Christian Wolff). Op basis dêrfan giet se yn 'e argiven fan 'e Internal Revenu Service, de Amerikaanske belestingtsjinst, op ûndersyk út. Se ûntdekt dat it boekhâlderskantoar en de oare saken yn it winkelsintrum yn Plainfield in dekmantel foar wytwaskjen binne. Tegearre mei direkteur King set se nei Illinois ta, dêr't se koart nei de mislearre oanslach op Wolff arrivearret. Mei in groep oare aginten trochsykje se Wolff syn hûs, dat sa spartaansk ynrjochte is dat der neat te finen is. Nei't de oaren ôfsette, bliuwe King en Medina efter. King nimt Medina dan yn fertrouwen en bychtet oan har op dat syn eigen bliksemkarriêre by FinCEN op leagens basearre is.