De tsjoksnaffelmosk (Passer gongonensis) is in fûgel yn it skaai mosken (Passer) út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining De tsjoksnaffelmosk is in grutte mosk fan 18 sintimeter lang en weaget 42 gram. It is de grutste mosk yn it skaai. Hy hat in grize kop en ûnderkant en is brún op 'e rêch en wjukken mei oranjebrún op 'e boppestút. De fûgel hat in soad fan 'e jiskemosk en de noardlike griiskopmosk, mar is grutter mei in foarsere snaffel en in tsjusterder ûnderkant.
Fersprieding De fûgel komt yn drûge leechlângebieten fan súdeastlik Súd-Sûdan, súdlik Etioopje, eastlik Uganda, súdlik Somaalje, Kenia en noardeastlik Tanzania foar en wurdt faak as in ûndersoarte fan 'e húsmosk behannele en guon dogge dat noch jimmeroan.
Hâlden en dragen De soarte wurdt yn drûge gebieten mei toarnstrûken en iepen bosk oantroffen. Somtiden wurdt er ek by gebouwen waarnommen.
Status It ferspriedingsgebiet fan 'e fûgel is grut en de populaasjeûntwikkeling is stabyl. Dêrfandinne klassifisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda