De Sindmosk (Passer pyrrhonotus) is in sjongfûgel út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).
Ferskining De Sindmosk hat in soad fan 'e nau besibbe húsmosk, mar is lytser. Mantsjes ha in heldere kastanjebrune eachstreek, in grize kroan en nekke en grize wangen, in swart plakje op it kin en in swarte snaffel. Wyfkes ha in minder konstrastearjend gesicht mei in grizere kop en wangen as húsmosken.
Fersprieding De fûgel wurdt fan súdeastlik Iran oant Pakistan en noardwestlik Yndia oantroffen. Yn syn ferspriedingsgebiet yn 'e Indusrivierdelling libbet de Sindmosk op plakken oan 'e iggen fan wettergebieten mei reid, heech gers en toarnstrûken. Bûten it briedseizoen migrearje guon fûgels nei drûgere gebieten tichteby de briedplakken of oan 'e kust fan westlik Pakistan oant eastlik Iran.
Hâlden en dragen Sindmosken binne koloanjefûgels dy't faak mei oare mosken en finken sjoen wurdt.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje mei in stabile ûntwikkeling en wurdt net as bedrige beskôge. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (LC) op 'e Reade list. Der is gjin rûzing fan 'e wrâldpopulaasje, mar de fûgel wurdt omskreaun as lokaal algemien.
Namme Sind ferwiist nei de Pakistaanske provinsje Sind (of Sindh).
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan