De noardlike griiskopmosk (Passer griseus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e moskfûgels (Passeridae) yn it skift.

Ferskining De soarte hat in grize kop en ûnderkant en in brune rêch, wjukken en sturt. Hy hat in soad fan 'e súdlike griiskopmosk (Passer diffusus), de Swahilymosk (Passer suahelicus) en tsjoksnaffelmosk (Passer gongonensis). De noardlike griiskopmosk is lykwols wat grutter, mei in gruttere snaffel en in lytser bleek skouderplak neffens de súdlike griiskopmosk, ûnder wat bleker neffens de Swahilymosk en mei in lytsere snaffel en blekere ûnderkant neffens de tsjoksnaffelmosk.

Mantsjes en wyfkes binne wakker itselde en jonge fûgels binne wat doffer en misse it wite wjukplak.

Fersprieding De noardlike griiskopmosk komt foar yn in grut part fan Sub-Saharaansk Afrika. Hy wurdt ferdield yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Passer griseus griseus - komt foar fan súdlik Mauretaanje en Senegal oant Kameroen, it westen fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk en súdlik Tsjaad oant noardlik Gabon Passer griseus laeneni - komt foar fan Maly oant it noarden fan Kameroen en it westlike diel fan Sintraal-Sûdan. Passer griseus ugandae – komt foar fan eastlik Sûdan, Eritreäen noardlik Etioopje yn it suden oant súdlik Gabon, Angoala, noardlik Namybje, noardlik Simbabwe, Malawy en Sintraal-Tanzania.

Guon nimme ek de Etiopyske mosk (P. swainsonii), tsjoksnaffelmosk (P. gongonensis) en de Swahilyi-mosk (P. suahelicus) op as in ûndersoarte.

Hâlden en dragen Noardlike griiskopmosken wurde yn in grut ferskaat fan biotopen oantroffen. Hy wurdt faak tichteby minsken sjoen, mar libbet ek op savannes en yn iepen bosken.

De noardlike griiskopmosk bout in bekerfoarmich nêst yn beammen of reid of brûkt âlde nêsten fan oare fûgels. In lechsel bestiet út twa oant fjouwer aaikes.

Lykas oare moskfûgels yt er benammen sied en nôt, mar as se jongen ha ite se ek ynsekten.

Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list. Oannommen wurdt dat de populaasje in stabile ûntwikkeling hat.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe