De jiskemosk (Passer swainsonii), ek swainsonmosk of Swainsons mosk, is in sjongfûgel út 'e famylje moskfûgels (Passeridae). De wittenskiplike namme is in earbetoan oan 'e Ingelsk-Nijseelânske ornitolooch William Swainson (1789–1855).
Fersprieding De jiskemosk wurdt likernôch 16 sm lang en tusken mantsjes en wyfkes binne gjin grutte ferskillen. De fûgel is wat donkerder as de noardlike griiskopmosk (Passer griseus) fral ûnder. Op 'e skouder hat er in wite streek, mar dy is faak net te sjen. Sa is ek it kastanjebrún op 'e stút net altiten sichtber. De soarte liket ek in soad op 'e tsjoksnaffelmosk (Passer gongonensis), mar is wat lytser mei blekere ûnderkanten.
Fersprieding De soarte komt yn 'e heechlannen fan Etioopje en Somaalje foar en yn guon dielen fan Sûdan, Súd-Sûdan, Eritreä, Dzjibûty en Kenia. Guon populaasjes litte seizoensmigraasjes sjen.
It habitat bestiet út bercheftige gebieten, sompen, iepen boskgebieten, savannes en greiden mei strewellen. De soarte komt it meast foar by en yn minsklike delsettings. Yn Eritreä libbet er meast op it iepen plato op in hichte fan 1.200 meter boppe seenivo en yn Etioopje komt er foar yn gebieten fan 1.200–4.500 meter boppe seenivo.
Yn Etiopyske stêden is it in soad foarkommende mosk lykas de húsmosk yn it grutste part fan Euraazje.
Hâlden en dragen De fûgel yt meast sied fan gers en nôt en ynsekten.
It nêst is in fan gers en fearren gearstald baltsje nêst oan tûken of yn 'e kroan fan palmbeammen. De fûgels brûke ek holtes yn beammen en gebouwen of âlde nêsten fan oare soarten lykas swellen. In lechsel bestiet út trije oant seis wite aaien mei brune en grize plakjes. It briedseizoen falt yn Eritreä fan jannewaris oant maart en fan maaie oant novimber, yn Etioopje leit de briedtiid fan april oant desimber.
Bûten it briedseizoen libje se yn kloften, somtiden groepen fan hûnderten fûgels. Swarmen fan dy grutte kinne foar skea soargje as se yn lânbougebieten en tunen komme.
Status Oannommen wurdt dat de soarte in stabile ûntwikkeling hat. De fûgel komt yn it ferspriedingsgebiet algemien oant frij algemien foar en wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan