De woastynmosk (Passer simplex) is in sjongfûgel út 'e famylje moskfûgels (Passeridae).

Ferskining De woastynmosk is mei 13 oant 14,5 sm in lytse mosk en mei in bleekgrize boppekant, in swarte slabbe en in swarte team. De ûnderkant hat in sânkleur en de wjukken ha wite plakken. It wyfke is mear effen ljochtbêzje mei in blekere ûnderkant en mist de swarte slabbe fan it mantsje. Op 'e wjuk hat it wyfke brúngrize yn stee fan 'e hast swarte markearrings op 'e wjuk by it mantsje. De rop is in frij djippe "tsjirp".

Fersprieding thumb|thumb|left|De ûndersoarten fan 'e woastynmosk neffens de Passer zarudnyi De woastynmosk komt foar yn Noard-Afrika en is ferdield yn twa ûndersoarten mei de folgjende fersprieding:

Passer simplex saharae - komt foar fan Marokko oant sintraal Lybje. Passer simplex simplex - komt foar fan súdlik Mauretaanje en Maly oant noardlik Tsjaad, Sintraal-Sûdan en súdwestlik Egypte.

De Sintraalaziatyske Karakûmmosk (Passer zarudnyi) waard earder as in ûndersoarte fan 'e woastynmosk behannele, mar wurdt no algemien as in aparte soarte ûnderskieden.

It habitat fan 'e fûgel bestiet út woastyn en gerslân. Yn grutte stêden komt de fûgel net foar.

Hâlden en dragen thumb|left|Aaikes. De fûgel libbet yn oäzes yn 'e woastyn, tichteby gewaaks. Hy briedt fan febrewaris oant augustus, mar meast fan healwei oant ein maart. It nêst wurdt yn in holte boud.

Status De soarte hat in grut, mar fragmintearre ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen ôfnimt, mar noch net sa bot om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024). Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e wrâldpopulaasje, mar de fûgel is net algemien.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Mosk Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje