De harderswilster (Anarhynchus pecuarius, synonimen: Helenaegialus pecuarius, Charadrius pecuarius) is in Afrikaansk fûgeltsje út it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). De fûgel wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat der gjin ferdieling yn ûndersoarten is.
Ferskining thumb|left|Fûgel oan 'e Sabierivier yn it Krugerpark, Súd-Afrika. De harderswilster is in lytse wilster fan 14 oant 16 sintimeter mei tige karakteristike kopmarkearingen yn it simmerkleed: in wite foarholle, nekke en kiel, in griisbrune kroan, in swarte eachstreek en in swart bân oer de kop. De ûnderside is oranjekleurich, wylst de fearkes fan 'e boppekant yn alle drachten kontrastryk binne. De soarte is yn it winterkleed dreger fan it dûkelmantsje te ûnderskieden, mar de harderswilster hat langere poaten as de lêste, dy't yn 'e flecht efter de sturt útstekke. Boppedat is de kraach, de wynbrauwen en it boarst dúdlik bêzje fan kleur.
Fersprieding De soarte komt yn 'e Nyldelling en fierder yn Afrika besuden de Sahara en op Madagaskar foar. De harderswilster is in swalker yn Europa.
Hâlden en dragen De fûgel komt foar op dridzige wetterkanten, flakke kusten en by fivers en lyksoartich habitat. It nêst leit fuort op 'e grûn en bestiet út in lyts, ûndjip kûltsje. De fûgel leit meastentiids twa aaien, dy't troch beide âlden yn 22 oant 28 dagen útbret wurde. Beide âlden soargje foar de jongen, dy't nei sawat 25 dagen útfleane. Under geunstige omstannichheden briedt de fûgel twaris yn it seizoen.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat de populaasje ôfnimt, mar noch net sa bot om de fûgel as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) neamt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). in rûzing fan 2023 giet út fan in wrâldpopulaasje fan 101.000 oant 217.000 fûgels út.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala Kategory:Lânseigen fauna yn Benyn Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana Kategory:Lânseigen fauna yn Boerkina Faso Kategory:Lânseigen fauna yn Boerûndy Kategory:Lânseigen fauna yn Kameroen Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen fauna yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Gabon Kategory:Lânseigen fauna yn Gambia Kategory:Lânseigen fauna yn Gana Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee Kategory:Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Libearia Kategory:Lânseigen fauna yn Madagaskar Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Nigearia Kategory:Lânseigen fauna yn Rûanda Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal Kategory:Lânseigen fauna yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Helena Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Togo Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe