NV Maatschappij voor Luchtvaart is in eardere Nederlânske ûndernimming oprjochte yn 1911 troch Jacob Verwey en Barend Lugard, dy't ûnder de namme V.L.A.M. yn auto's hannelen.
Skiednis De ûndernimming wie oprjochte om de twa fleankampen te behearen dy't Verwey en Lugard yn 1910 opboud hiene yn Ede en op Soesterberg. It wie op fleankamp Ede, dêr't op 29 july 1910 de earste Nederlanner mei in motorisearre fleantúch boppe Nederlânsk grûngebiet fleach. Dy Nederlanner wie Johan Hilgers. (Yn 1908 makke Hendrik Schukking de earste sweefflecht op De Stompert by Soesterberg.)
Yn 1910 sette Verwey en Lugard mei in loftfarôfdieling útein mei as doel it bouwen fan Wright Flyers. Dêrfoar waard de hear Henri Alexandre Franchimont oanlutsen dy't al kontakten hie mei de bruorren Wright. Hy wie al fan 1909 ôf dwaande mei it meitsjen fan sa'n fleantúch. Nei in pear proefnimmingen waard dúdlik dat it fleantúch net fan de grûn kaam en waard Franchimont oan de kant set. Yn jannewaris 1911 waard de "NV Maatschappij voor Luchtvaart" offisjeel oprjochte mei Verwey as direkteur. Frits Koolhoven waard oanlutsen as direkteur eksploitaasje, Henri Wijnmalen direkteur ynstruksje en Hilgers swaaide de skepter oer de fabrikaazje. Op 14, 21 en 25 maaie waarden der in grutte fleandemonstraasjes hâlden boppe Soesterberg ta eare fan de iepening. Foar de demonstraasjes waard ek in spesjale tramline oanlein nei it stasjon fan Den Dolder. Nei dizze demonstraasjes, dêr't Wijnmalen en Koolhoven ek oan mei diene, setten beide manlju ôf nei Ingelân foar in selde demonstraasje. Nei in rampsillich ferrin fan dy demonstraasje rekken de kontakten tusken Wijnmalen/Koolhoven en Verwey yn de nederklits.
Wol waarden der twa typen fleantugen boud. De Farmankopy fan Koolhoven, letter de Heidevogel neamd, mar destiids oanpriizge as it type "Holland". It oare type wie in oanpaste ferzje fan de Blériot XI troch Hilgers, dy waard it type Verwey&Lugard neamd.
Wijnmalen gie nei Frankryk, en Koolhoven folge justjes letter en naam stikem syn Heidevogel mei. Yn 1912 frege de Maatschappij voor Luchtvaart fallisemint oan. Soesterberg waard úteinlik oernaam troch de krekt oprjochte Luchtvaartafdeeling en Marinus van Meel begûn dêr oan syn 'Brikken'.
Kategory:Bedriuw oprjochte yn 1911 Kategory:Bedriuw opheft yn 1912 Kategory:Nederlânsk fleantúchbouwer (bedriuw)