De Sibearyske sânwilster (Anarhynchus mongolus, protonym Charadrius mongolus) is in fûgel út it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). Oant koartlyn waarden de Sibearyske sânwilster en de Tibetaanske sânwilster ûnder de namme Mongoalske wilster as fûgels fan 'e selde soarte behannele. De spesifike Latynske namme mongolus referearret nei Mongoalje, dat yn 'e tiid fan it jaan fan in namme op in grutter gebiet sloech as it hjoeddeiske lân Mongoalje.
Ferskining De Sibearyske sânwilster is lykas de Tibetaanske sânwilster wat grutter as de bûnte wilster mei in foarsere bou en langere poaten en in langere snaffel. De poaten, eagen en de dolkfoarmige snaffel binne donker yn alle drachten. Yn it briedkleed is it mantsje readbrún op it boarst en yn 'e nekke. De soarte hat in donker gesicht, in swart eachmasker en in wite kiel. De boppedielen binne meast griisbrún en de búk is wyt. It wyfke hat itselde fearrekleed, mar is doffer. Winterdeis liket de fûgel op it dûkelmantsje yn it winterkleed, mar hy is grutter en mist it wyt op 'e nekke en de siden fan 'e sturt.
Fersprieding thumb|left|Oerwinterjende fûgel. De soarte briedt lokaal yn eastlik Sibearje om 'e See fan Ochotsk hinne. Populaasjes binne û.o. op it Tsjûkotka-skiereilân en Kamtsjatka te finen. De fûgel oerwinteret fan Taiwan en nei it suden ta troch eastlik Yndoneezje oant Austraalje. Ut en troch wurdt de fûgel yn Jeropa waarnommen.
De fûgel wurdt yn twa ûndersoarten ferdield mei de folgjende briedgebieten:
Anarhynchus mongolus mongolus – briedt yn eastlik Sibearje op plato's boppe de beamgrins en op strannen om 'e See fan Ochotsk hinne. Anarhynchus mongolus stegmanni – briedt fan Kamtsjatka oant it Tsjûkotka-skiereilân, de Kommandeurseilannen de noardlikste Koerilen.
Hâlden en dragen De soarte briedt ûnregelmjittich op keale kustflaktes. It nêst is in ûndjip kûltsje yn 'e keale grûn en in lechsel bestiet út trije aaien. De soarte is in echte trekfûgel en oerwinteret op sânstrannen yn East- en Súdeast-Aazje.
De Sibearyske sânwilster yt ynsekten, skaaldieren en wjirms en hat de foar it skaai karakteristike wize fan foerazjearjen fan hurd rinne en skoftsje, oars as by oare waadfûgels wenst is dy't meast rêstich rinnend foerazjearje. De Sibearyske sânwilster set lykwols minder stapkes en skoftet koarter as de woastynwilster.
Status Oannommen wurdt dat de soarte foars yn oantallen tebekrint. Lykas in soad oare Eastaziatyske waadfûgels hat er te krijen mei habitatferlies yn 'e oerwinteringsgebieten en benammen lâns de migraasjerûtes, dêr't eksploitaasje en ynvasive gerssoarten de rêstplakken oan 'e Giele See syn habitat feroare ha. Yn 'e lêste 50 jier gie likernôch 65% fan it habitat fan 'e fûgel ferlern oan lânbou en oar gebrûk. Ek yn Austraalje soe der sprake wêze fan habitatferlies troch útwreidzjende lânbou, feroaring yn wetterstân en fersteuring troch toerisme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret him dêrom as bedrige (Endangered, 2023). Klimaatferoaring kin ek ynfloed hawwe op syn briedplakken, mar de kennis oer de ynfloed dêrfan is foar de Sibearyske beheind. De wrâldpopulaasje wurdt op mar 18.000 oant 50.000 folwoeksen fûgels rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Bedrige fûgel Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Beringsee Kategory:Lânseigen fauna yn de See fan Ochotsk Kategory:Lânseigen fauna yn de Japanske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Eastsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdlike Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Austraalje Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Fidzjy Kategory:Lânseigen fauna yn Gûam Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Marshalleilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Mikroneezje (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Naurû Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Kaledoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Nij-Seelân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn de Noardlike Marianen Kategory:Lânseigen fauna yn Palau Kategory:Lânseigen fauna yn Papoea Nij-Guineä Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn de Salomonseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn East-Timor Kategory:Lânseigen fauna yn Fanûatû