De Tibetaanske sânwilster (Anarhynchus atrifrons, protonym Charadrius atrifrons) is in fûgel út it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae). Oant koartlyn waarden de Tibetaanske sânwilster en de Sibearyske sânwilster ûnder de namme Mongoalske wilster as fûgels fan 'e selde soarte behannele. De skaainamme waard yn 2024 yn Anarhynchus feroare.
Ferskining De fûgel hat donkere poaten, eagen en snaffel yn alle drachten. Simmerdeis binne de fearren griisbrún fan boppe en wyt fan ûnder. De boppekant fan 'e nekke en it boarst ha in reabrune tint. Utsein in swarte team fan 'e saffel nei it wang is it gesicht wyt oant de kiel. De fearren fan it wyfke binne fergelykber mei dy fan it mantsje, mar doffer fan kleur. Winterdeis is de fûgel te ferlykjen mei it dûkelmantsje, mar de Tibetaanske sânwilster is grutter en hat gjin wyt op 'e nekke en siden fan 'e sturt.
Fersprieding De Tibetaanske wilster briedt yn bercheftige gebieten fan 'e Tiensjan en de Pamir yn it westen oer it Tibetaanske Plato oant it eastlikste Tibet. De fûgel wurdt yn trije ûndersoarten mei de folgjende fersprieding ferdield:
atrifrons – briedt op hege plato's en yn healwoastinen boppe de beamgrins yn it westlikste Tibet, lykas ek gebieten fan Ladakh yn noardwestlik Yndia. pamirensis – briedt yn it oangrinzgjende Tadzjikistan en Kirgyzje; oerwinteret yn Afrika en westlik Yndia. schaeferi – briedt fan Tibet en noardeastlik oant Qinghai yn sintraal Sina.
By't winter migrearret de Tibetaanske wilster nei in ferspriedingsgebiet fan Súdeast-Aazje westlik troch Yndia en it Midden-Easten oant eastlik Afrika. De eastlike populaasje (schaeferi) oerwinteret fan Súdeast-Aazje oant Java.
De fûgel is in tige seldsume dwaalgast yn Europa.
Hâlden end dragen thumb|left|Oerwinterjende Tibetaanske wilsters yn Yndia. De Tibetaanske sânwilster briedt lykas ek de Sibearyske sânwilster boppe de beamgrins yn bercheftige regio's oant 5.500 m yn 'e Himalaya. It habitat bestiet út dellingen mei mar in bytsje begroeiïng of tûndra- en steppegebieten by sompen of op fochtige grûn mei grint, stiennen of sân. Yn Sibearje briedt er ek oan kusten. It nêst is in yn 'e grûn groeven kûltsje.
Winterdeis wurdt er allinnich oan sânstrannen, op waad of yn dunen waarnommen. Ut en troch is de fûgel ek yn mangrovesompen te sjen of foerazjearend op koraalriffen dy't boppe it wetter útstekke. By de migraasje kin er ek oan marren en rivieriggen of op kultiviearre lân sjoen wurde.
Yn 'e briedtiid yt de fûgel ynsekten lykas krobben, miggelarven en ek krabben. Winterdeis yt er ek weakdieren en seeboarstelwjirms.
Status De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar der wurdt tocht dat er yn oantal ôfnimt, hoewol net sa bot om as bedrige te beskôgjen. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2023). De populaasje wurdt op 400.000 oant 480.000 folwoeksen fûgels rûsd.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn de Reade See Kategory:Lânseigen fauna yn de Perzyske Golf Kategory:Lânseigen fauna yn de Súdsineeske See Kategory:Lânseigen fauna yn de Grutte Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren Kategory:Lânseigen fauna yn Bachrein Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Brûnei Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn de Maldiven Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn de Filipinen Kategory:Lânseigen fauna yn Katar Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn de Seysjellen Kategory:Lânseigen fauna yn it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Taiwan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen Kategory:Lânseigen fauna yn de Kokoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Krysteilân