De kearkringfûgeleftigen (wittenskiplike namme: Phaethontiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves).
De kearkringfûgels (wittenskiplike namme: Phaethontidae) foarmje de iennige libbene famylje yn it skift fan 'e kearkringfûgeleftigen. Dizze famylje befettet ek mar ien libben skaai fan echte kearkringfûgels (Phaethon), dat út trije soarten bestiet.
Kearkringfûgels binne elegante wite fûgels fan tropyske seeën, mei lange sintrale sturtfearen dy't efter har streame, en dy’t har passaazje in genede jouwe dy't mar in pear fûgels kinne oerienkomme.
Famyljes, skaaien
skift kearkringfûgeleftigen (Phaethontiformes) incertae sedis <small>(yndieling ûnwis)</small> skaai Clymenoptilon † skaai Novacaesareala † skaai Phaethusavis † skaai Zhylgaia † famylje foarkearkringfûgels (Prophaethontidae) † skaai Lithoptila † skaai Prophaethon † famylje kearkringfûgels (Phaethontidae) skaai Proplegadis † skaai Phaethusavis † skaai Heliadornis † skaai echte kearkringfûgels (Phaethon) readsnaffelkearkringfûgel (Phaethon aethereus) readsturtkearkringfûgel (Phaethon rubricauda) wytsturtkearkringfûgel (Phaethon lepturus'')
Kategory:Fûgelskift