Bridge is in kaartspul dat spile wurdt troch twa pear spilers. Har plak om ’e tafel wurdt (mei de klok mei) oantsjut as Noard, East, Súd en West. Noard en Súd foarmje it iene pear, East en West it oare. It spul wurdt spile mei in folslein pak kaarten fan 52; 13 yn elke kaartkleur, klaver, rút, hert en skop. Yn de basis folget bridge itselde prinsipe as Klaverjasse of Hertejeie: de kaarten fan it spul wurde omparten ûnder de fjouwer spilers en elke spiler kin dan allinne of tegearre mei de partner slaggen meitsje. By bridge krijt elke spiler 13 kaarten. Ofhinklik fan it oantal helle slaggen wurde skoares takend. Yn trochsneed duorret ien potsje sân oant acht minuten en dan folget in nij spul mei nije kânsen en útdagingen.

Spulferrin Biede In essinsjeel ferskil mei de boppeneamde kaartspullen by bridge is it bieden oan it begjin fan it spul. Dêr komt bridge yn oerien mei kaartspullen as boerebridgeBoerebridge, spulregels en farianten en it yn Brabân en Limburch populêre rikkeRikke. Yn de bieding by bridge giet it derom út te finen hokker pear de measte slaggen tinkt meitsje te kinnen, en mei hokker kaartkleur as troef. Krekt as op in feiling moat elke folgjende bieder heger biede as de foarige. It is ek tastien om te passen. As nei in bod trije kear past wurdt, hat de spiler fan it lêste bod fêstlein hoefolle slaggen hy of sy en syn of har partner helje wolle en mei hokker troefkleur. Dat hjit it kontrakt. Helje de bieders de slaggen fan it kontrakt (of mear), dan krije se skoarepunten. Helje se te min slaggen dan geane se down 'go down' - Ingelsk: "deroan gean" en krije de tsjinstanners puntenAs je it skerper besjogge giet it bieden der yn de grûn net om om út te finen wa't de measte slaggen meitsje kin. Eins is it doel by it bieden om op in sa gaadlik mooglik kontrakt út te kommen. Wat gaadlik is wurdt dúdlik yn de finale ôfrekken fan de frekwinsjesteat (fierderop). Faak komt dat wol del op 'de meast mooglike slaggen', mar net altyd..

Diele Yn in losse setting, bygelyks thús of yn in kafee, dielt in spiler, de dieler, de kaarten ien foar ien om, te begjinnen oan dyselde dy’t links fan him sit. By it folgjende potsje is de linkssittende de dieler, en sa fierder, oant nei fjouwer potsjes it rûntsje dien is. By it bridgen op in klub wurdt net mei de hân dield. Dêr lizze doaskes klear mei kaarten dy’t al skodde binne (de saneamde ‘ferdieling’), mei dêrby dúdlik oanjûn hokker foar N, E, S en W binne, en wa’t de dieler is. By bridge op ynternet krije de spilers automatysk fan it spulsysteem elke kear nije ferdielingen.

Biedljedder Mei in bod jout in spiler it oantal slaggen dat er minimaal meitsje wol oan, en de troefkleur. Nêst de fjouwer troefkleuren bestiet ek de opsje ‘gjin troef’, koartwei ‘sans’ SA‘sans atout’ - Frânsk: "sûnder troef", en yn Ingelske kontekst NT (‘no trump’). De earste seis slaggen binne automatysk al yn in bod opnommen. It bod ‘2 rút’ betsjut dus: ‘Wy meitsje 8 slaggen (of mear) mei rút as troef.’ By it bieden is de iene kleur heger as de oare. De folchoarder fan leech nei heech is klaver – rút – hert – skop – sans. In bod op 2-nivo is altyd heger as ien op 1-nivo. Sa ûntstiet der in ljedder mei 7x5 = 35 hieltiid hegere bodden, fan 1 klaver by it begjin oant 7 sans oan de ein. In kontrakt op 6-nivo (alle slaggen, útsein ien) is in ‘lyts slem’‘slem’ - út it Ingelsk "slam": "hurde slach", in kontrakt op 7-nivo (alle slaggen) is ‘grut slem’. Yn in ynformele situaasje kin mûnling bean wurde. Op in bridgeklub is dat net tastien. Dêr binne spesjale biedbakjes mei foar elk bod in apart kaartsje dat men by it bieden foar jin op ’e tafel lizze kin.

Biedferrin De dieler mei begjinne mei bieden. Hy mei alles biede wat er wol mar sil meastal rêstich út ein sette op 1-nivo of eventueel 2-nivo. As er gjin goede kaarten hat kin er ek daliks passe (de oare kear dat er wer biede mei, mei er dan byneed gewoan wer in bod dwaan). As de dieler net past mar in bod docht, dan is dat it iepeningsbod, en de dieler de iepener. De spiler links fan de dieler kin dêrnei elk heger bod dwaan as dat fan de dieler, en sa fierder. In bod fan tsjinpartij nei de iepener hjit in folchbod, in bod fan partner fan de iepener hjit bybod. It bieden jout de mooglikheid om oan jins partner dúdlik te meitsjen wat foar kaarten oft men sels hat. Dêr binne allerhanne biedkonvinsjes foar úttocht dy’t fariearje fan basic oant tige fier útwurke. Tsjintwurdich spylje de measte begjinnende bridgers yn Nederlân it saneamde fiifkaart heech-systeem, dêr’t fierderop mear oer sein wurdt.

Spylje Nei’t it kontrakt fêststeld is, moatte de slaggen ek wiermakke wurde. Dyselde dy’t as earste fan it pear de kleur (of sans) fan it einkontrakt bean hat, spilet foar dat pear. Dy hjit no ‘de lieder’. De tsjinspiler links fan de lieder komt mei syn earste kaart út en dêrnei leit de partner fan de lieder al syn kaarten iepen op ’e tafel, dat eltsenien dy sjen kin. De partner is no ‘de dummy’ 'dummy' - Ingelsk: "poppe" en hat yn dit spul fierder gjin rol mear. De lieder spilet dus allinne mei de twa ferdielingen fan it pear (oantsjut as ‘hân’ en ‘tafel’) tsjin de beide tsjinstanners. Nei dat begjin is it spul ferfolgens in streekrjocht slachspul, mei de Aas as heechste en de tsien leger as de hofkaarten. Dat de folchoarder is A H F B 10 9 8 7 6 5 4 3 2. Wa’t net bekenne kin, hat gjin ferplichting om te troeven.

Puntetelling By in makke kontrakt It systeem om punten ta te kennen foar in helle kontrakt is net sa ynsichtlik. In oantal basisregels binne de neifolgjende:

Punten per slach (earste seis slaggen telle net mei)* elke herte- en skoppeslach smyt 30 pt op;* elke sans-slach smyt ek 30 pt op, de earste lykwols 40 pt;* elke klaver- en ruteslach smyt 20 pt op.

Preemjes As je mei de slaggen 100 pt of mear bean en helle ha, hjit dat ‘de manche’'manche' - Frânsk: "mouwe"; it is oannimlik dat dit slacht op in fest mei mouwen der oan, oars as by in dielskoare dy't sjoen wurdt as in fest sûnder mouwen.. In manche smyt yn de ienfâldichste gefallen 300 pt ekstra preemje op. Dat jildt foar de kontrakten 3SA, 4♥, 4♠, 5♣, 5♦, dy smite ynklusyf preemje resp 400, 420, 420, 400 en 400 pt op. Hawwe je in leger kontrakt makke as de boppeneamde fiif, dan komme je mei de helle slaggen net oan de manche ta. Yn dat gefal krije je in preemje fan 50 pt, ‘de dielskoarepreemje’. In lyts en grut slem leverje noch folle hegere preemjes op.

Downslaggen Ofhinklik fan de situaasje is hjir in grut ferskaat oan mooglikheden dy’t begjinne by 50 pt by -1 (íen downslach) mar dy’t oprinne kinne oant 500 of 800 of noch mear. Tink derom: dy punten geane nei de tsjinstanners!

It bieden neier besjoen Manchekontrakt is kritysk By alle besteande kaartferdielingen jout heechút sa’n 30% de mooglikheid oan ien fan beide pearen (soms oan beide) om in manchekontrakt te heljen. It is by it bieden fan it grutste belang om in manchekontrakt net te missen. In foarbyld: in pear dat 4♥ biedt en makket, krijt 420 pt. In oar pear, dat mei deselde kaarten net fierder komt as in kontrakt 3♥ en ien ekstra slach makket, rint de manchepreemje mis – dy krije men allinne as de manche bean en makke is. Dat it pear krijt mar 170 pt (120 foar 4 herteslaggen en 50 dielskoarepreemje).

Fit en honneurpunten De praktyk fan it spul wiist út dat as in pear tegearre 8 of mear kaarten fan ien kleur hat, dat it dan leannet om dy kleur troef te meitsjen. Se hawwe dan sa’t dat hjit in fit 'fit' - Ingelsk: "goed passe" yn dy kleur. Ien fan de doelen fan it bieden is om ûnder inoar út te finen yn hokker kleur oft der in fit is. Dêrnêst hinget de sterkte fan in hân kaarten ôf fan de hichte fan de kaarten – hoe heger, hoe better – en fan de skevens fan de ferdieling oer de kleuren (in 4-3-3-3-ferdieling hat minder potinsje as bygelyks in 6-5-1-1-ferdieling). Der is in ienfâldige mjitstêf ûntwikkele om oan te jaan hoe goed oft de kaarten fan in hân binne. Dêrta krije de honneurkaarten (de plaatsjes) punten takend: A 4, H 3, F 2 en B 1. Per kleur binne der dus 10 fan dy honneurpunten (HP), yn it hiele spul 40 (de skevens fan in ferdieling bliuwt hjir earst bûten beskôging). In twadde doel fan it bieden is om fan inoar in yndruk te krijen hoefolle honneurpunten oft de partner likernôch hat. Beide begripen (fit en honneurpunt) binne belangrike ûnderdielen fan in biedsysteem. Dêr binne yn de rin fan de jierren in hiel soad fan úttocht.

Biedsysteem In biedsysteem dat yn Nederlân in protte brûkt wurdt is fiifkaart heech. Hjirboppe is al oanjûn dat it finen fan in mooglik manche-kontrakt fan it grutste belang is. No docht bliken dat as partners tegearre likernôch 25 honneurpunten hawwe, hja in manchekontrakt 3SA, 4♥ of 4♠ wierskynlik wol meitsje kinne. Foar de manchekontrakten 5♣ en 5♦ binne sa'n 27 honneurpunten nedich. Dat leit yn de reden want in kontrakt op 5-nivo is heger as ien op 3- of 4-nivo, men mei dan mar twa slaggen misse yn stee fan trije of fjouwer.

It biedsysteem fiifkaart heech hat as doel om sa gau mooglik út te finen oft der in fit is yn de hege kleuren en oft partners tegearre minstens 25 honneurpunten hawwe, sadat in machekontrakt 4♥ of 4♠ mooglik is. Binne der wol 25 punten mar gjin fit yn de hege kleuren dan is 3SA wierskynlik wol in gaadlik kontrakt. Om in bytsje ynsicht te jaan yn de opset fan it biedsysteem folgje hjir as foarbyld in pear fan de ienfâldige bied-ôfspraken út it systeem. (Yn dit foarbyld passe de tsjinstanners hieltiid.)

By fiifkaart heech betsjut in iepeningsbod 1♥ of 1♠: Ik haw 12-19 HP en ministens fiif herten of fiif skoppen. Sa wit partner daliks oft der kânsen binne op in manche yn hert of skop. Ommers, hat er sels ek minimaal trije herte- of skoppekaarten, dan is der in fit yn dy kleur. In oantal bybodden dy’t partner no jaan kin, binne de neifolgjende: pas: Ik haw minder as 6 pt. It hat gjin doel om te besykjen in manchekontrakt te bieden, dêr binne wy te swak foar; 2♥ / 2♠: Ik haw minstens trije herten/skoppen en 6-9 pt; partner, betink do mar oftst passe wolst of dat wy nei de manche kinne; 3♥ / 3♠: Ik haw minstens trije herten/skoppen en 10-11 pt; partner, betink do mar oftst passe wolst of dat wy nei de manche kinne; 4♥ / 4♠: Ik haw minstens trije herten/skoppen en 12 of mear pt: wy kinne de manche spylje en dy bied ik dus hjirby. Yn it gefal dat it antwurd fan partner 2♥ / 2♠ is, moat iepener even goed neitinke. Hy joech mei it iepeningsbod 12-19 HP oan. Binne dy punten oan de lege kant (12-14 HP) dan binne der tegearre te min punten foar de manche. Binne dy punten oan de hege kant (18 of 19 HP) dan liket in manche goed mooglik, partner garandearret mei syn of har antwurd ommers minstens 6 HP. Dat, iepener biedt de manche. Hat iepener lykwols 15-17 HP, dan is de manche wikkerdewik, ôfhinklik fan de punten fan de bybiedende partner. Yn dat gefal sil iepener 3♥ / 3♠ biede. Sa'n bod hjit in invite. Hy of sy seit dêrmei: Partner, ik lit it oan dy oer oftst de manche sitten sjochst of net. Dit útwurke foarbyld lit sjen hoe't it bieden eins in foarm fan kommunikaasje is tusken de partners om it goede kontrakt te finen.

De ynset omheech: Dûblet, redûblet en kwetsberens De biedljedder ken twa, noch net neamde, ekstra bodden dy’t ynfloed ha op de puntetelling, it dûblet en it redûblet. As ien fan de tsjinpartij in bod fan in spiler dûblearret betsjut dat: ‘Ik leau net dat jim dat kontrakt helje kinne. Jimme geane down! En dêrom ferdûbelje ik mei dit bod de strafpunten dy’t jim dan krije.’ Stel: E biedt 2♠; dêrnei passe S en W, mar N seit ‘dûblet’ (faak oanjûn mei ‘x’). As dêrop elkenien past, spylje E-W it kontrakt 2♠x. As se dan down geane, krijt de tsjinpartij twa kear safolle punten. Meitsje hja it kontrakt lykwols ál, dan krije hja mear punten as sljochtwei. In dûblet ferheget dus de ynset.