De kraachwilster (Anarhynchus collaris, synonym: Charadrius collaris) is in fûgel yn it skaai dûkelmantsjes (Anarhynchus) út 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).

Beskriuwing De kraachwilster is in lytse, knobske wilster fan sa'n 17 oant 18 sm. De boppedielen fan 'e fûgel binne ljocht griisbrún, ûnder is it fûgeltsje wyt. De fûgel hat in swarte boarstbân, dy't smeller en minder kontrastryk is as by guon oare soarten fan it skaai. De kop hat in wite foarholle mei in donkere bân tusken de snaffel en it each en in swart plak boppe de wite foarholle. De snaffel is swart en de poaten binne fleiskleurich. Nettsjinsteande de namme hat er gjin kraach om 'e nekke.

Twa soarten fan it skaai yn it ferspriedingsgebiet ha in soad fan 'e kraachwilster. It sniedûkelmantsje is likernôch like grut, mar ljochter mei donkere poaten en hat nea in folsleine boarstbân en de Amerikaanske bûnte wilster is grutter, hat in tsjokkere snaffel en in ljochte kraach; frjemd genôch is it krekt is ûntbrekken fan in ljochte kraach dat de fûgel syn namme jout.

Fersprieding De soarte libbet oan kusten en iggen fan rivieren tusken Sintraal-Meksiko en Sily en Argentynje.

Hâlden en dragen De fûgel is benammen in stânfûgel, alhoewol't der wat bewiis is dat er ôfhinklik fan it seizoen wat bewegingen makket. De fûgel yt ynsekten en oare wringeleazen, dy't er op de foar it skaai karakteristike wize - fluch rinne en dan stoppe - siket. Yn ferlikening mei oare soarten fan it skaai komt er selden yn gruttere groepen foar.

It briedseizoen fan 'e fûgel ferskilt geografysk: fan novimber oant desimber yn westlik Meksiko, maart-juny yn Kosta Rika, jannewaris yn Fenezuëla en maart yn 'e leechlannen fan Ekwador. Hy nêstelet op 'e grûn yn in holte oan kusten, iggen fan rivieren, op eilannen of yn it binnenlân, faak tichteby lege fegetaasje lykas gerspollen. De fûgel leit twa bleekêzje aaikes mei brune plakjes. Lykas in soad soarten fan it skaai besykje âlden potinsjele rôfdieren by it nêst wei te lokken troch te dwaan as se ferwûne binne.

Status Yn 2019 waard de populaasje op 50.000 oant 500.000 folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige (Least Concern, 2020) klassifisearre. Oannommen wurdt dat de populaasje ôfnimt.

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Dûkelmantsje Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla