De Sint-Rochustsjerke (Frânsk: Église Saint Roch) yn Montpellier yn it Frânske departemint Hérault is in 19e-iuwsk tsjerkegebou. De tsjerke stiet oan it Sint-Rochusplein yn it sintrum fan 'e stêd en is wijd oan 'e pesthillige Rochus, dy't yn Montpellier berne is. De tsjerke stiet oan ien fan 'e pylgerrûtes nei Santiago de Compostella.
Skiednis Op it plak stie foar de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke sûnt 1622 de ruïne fan 'e Sint-Paulustsjerke. Dy tsjerke wie fernield by de lêste belegering fan 'e stêd doe't de katolike troepen fan Loadewyk XIII fan Frankryk in ein makke oan it Hugenoatebewâld yn Montpellier.
Yn' e 19e iuw woe it stedsbestjoer woe de wyk om it Sint-Rochusplein renovearje en de plannen foar de bou fan 'e Rochustsjerke waarden úttekene troch de arsjitekt Jean Cassan. De styl is neogoatysk.
Der waard tusken 1861 oant 1867 boud, mar de tsjerke waard nea foltôge. Allinnich it skip mei de krúsribferwulften en de tagongsportalen waarden ôfboud. De tuorren en it koer bleaune ûnfoltôge. Oan it dwersskip en de sydkapellen waard nea in begjin makke.
Under de tsjerkeskatten is û.o. in byld fan Sint-Rochus. De tsjerke hat glêsramen út de 19e en 20e iuw.
Oargel It oargel fan 'e tsjerke waard nei alle gedachten yn 1845 boud en is dêrmei âlder as de tsjerke. Bouwer wie de firma Daublaine & Callinet en it bedoeld as it koeroargel foar de katedraal fan Montauban, dêr't it yn 1873 ferfongen waard troch in oargel fan Vincent Cavaillé-Coll.
Sint-Rochusdei De tsjerke besit boppedat reliken fan 'e hillige, lykas in stik tsjeak en in stik fan 'e skonke en is dêrmei ek in beafeartstsjerke. Op 16 augustus wurdt Sint-Rochusdei fierd en op dy dei wurde de stêd en húsdieren oan 'e ein fan 'e misse segene. Tal fan prosesjes fine op dy dei plak yn 'e stêd.
Kategory:Montpellier Kategory:Tsjerkegebou yn Frankryk Kategory:Bouwurk út 1867