Dit is in list fan katterasssen, dy't in oersjoch jout fan 'e rassen fan 'e kat (Felis catus) dy't troch de minske holden wurde.

Erkenning fan katterassen De erkenning fan katterassen is kompleks. It probleem is dat der net ien ynternasjonale organisaasje is dy't yn dizzen tafersjoch hat, mar fiif ferskillende. Anno 2023 waarden 75 rassen erkend troch De Ynternasjonale Katteferiening (The International Cat Association, TICA); 45 troch de Feriening fan Katteleafhawwers (Cat Fanciers' Association, CFA); 50 troch de Ynternasjonale Kattefederaasje (Fédération International Féline, FIFe); 45 troch de Bestjoersried foar it Leafhawwen fan 'e Kat (Governing Council of the Cat Fancy, GCCF) en 69 troch de Wrâldkattefederaasje (World Cat Federation, WCF). En de 45 rassen dy't erkend wurde troch de CFA binne net deselden as de 45 rassen dy't erkenning genietsje fan 'e GCCF. Om it noch yngewikkelder te meitsjen jouwe de ûnderskate organisaasjes oan itselde ras soms in ferskillende namme; sa wurdt mei de namme "Javaan" of "Javaanske kat" almeast de puntlanghier bedoeld, mar is dyselde namme by de WCF in oantsjutting foar de Easterske langhier.

Rassen

Abessyn Afroditereus Amerikaanske koarthier Amerikaanske krolear Amerikaanske ringsturt Amerikaanske stompsturt Amerikaanske triedhier Arabyske mau Australyske mistkat Aziaat Aziatyske heallanghier Balinees bambino Bingaal Birmees blauwe Rus Boheemske rex Bombay Brazyljaanske koarthier Britske koarthier Britske langhier brune fan Havana burmilla Chantilly-tiffany chartreux chausie cheetoh Devon rex Donsfinks of Donskoj dragon li, Sineeske li of hua-kat Dútske rex dwelf dwerchstompsturt of toybob Easterske koarthier Easterske langhier Easterske twakleur Egeeër of Egeyske kat Egyptyske mau eksoat of eksoatyske koarthier elfkat fâldeks of foldex foddepop (ragdoll) Heechlanner Heechlânske fâldear hillige Birmaan Himalayaan of Puntpers Yorkske sûkelarjekleur Japanske stompsturt Javaan, Mandaryn of puntlanghier Jeropeeske koarthier Jianzhou Kalifornyske spikkelbûnte Kanaänyt Karelyske stompsturt khao manee kinkalow Koerylske stompsturt of Koerilenstompsturt korat Koreaanske stompsturt korn ja of konja Kornyske rex Kymriër, Mankske langhier of langhierrige Mankske kat lambkin LaPerm lykoi Maine coon Mandalay Mankske kat Mekongstompsturtkat minskin minuet of napoleon moderne Pers munchkin Nebelung Neva masquerade Noarske boskkat Oekraynske levkoj Oeral rex ojos azules (útstoarn) osikat Pers of Perzyske kat, ek: tradisjonele Pers Peterbald pixie-hob puntkoarthier Raaskat of Raaseilanner ragamuffin of liebling Russyske sipert Russyske swarte Russyske wite sam sawet savannekat Selkirk rex Serengetikat of Serengeti Seylonees sfinks Siamees of Siameeske kat ek: moderne Siamees Sibearjer, Sibearyske kat of Sibearyske boskkat Singapura Skotske fâldear snieskoechkat Sokokekat of Sokoke Somaly suphalak Syprioat Tai, wichien maat of tradisjonele Siamees Taiske blaupunt Taiske lila Taiske lilapunt Tibetaan of Tibetaanske kat tiffany Tonkinees of Tonkineeske kat toyger tsjintsjilla Tukske Vankat Turkske angoara útlânske wite of wite Siamees Vankedisi

katterassen