De Amerikaanske wilster (Pluvialis dominica) is in waadfûgel út 'e famylje fan 'e wilsterfûgels.

Ferskining De fûgel hat in soad fan 'e besibbe gewoane wilster (Pluvialis apricaria) en de Sibearyske wilster (Pluvialis fulva). It is in relatyf grutte wilster, mar wat lytser as de gewoane wilster en de slykwilster, mar dúdlik grutter as de 18 sintimeter lange bûnte wilster. thumb|left|Winterkleed. Yn it briedkleed hat de fûgel goudkleurige plakken op 'e rêch en krún mei in swarte kop, hals en búk en fierder swart oant it each by it mantsje. Winterdeis ferdwynt it swart en is de búk ljochtbrún stippele. De slykwilster hat simmerdeis ek in swarte ûnderkant, mar is fan boppe mear sulvergriis stippele.

De Amerikaanske wilster is wat slanker as de gewoane wilster en stiet heger op 'e poaten. Ek liket er wat grizer as de gewoane wilster. De Amerikaanske en Sibearyske wilster waarden eartiids ta ien soarte rekkene.

Fersprieding De Amerikaanske wilster briedt op 'e Arktyske tûndra's fan Noard-Kanada en Alaska. It is in trekfûgel dy't oerwinteret yn Súd-Amearika. De fûgels fleane tusken jannewaris en april fan Súd-Amearika oer Midden-Amearika en oer pleisterplakken yn 'e midden fan 'e Feriene Steaten nei de noardlike briedgebieten. Yn 'e hjerst fleane se mear eastlik oer see, oer it westen fan 'e Atlantyske Oseaan en de Karibyske See nei de oerwinteringsgebieten yn Argentynje en Oerûguay.

Yn Nederlân wurdt de soarte alle jierren as dwaalgast waarnommen. Sûnt 1989 binne der mear as 60 waarnimmingen dien fan 'e soarte. Hâlden en dragen thumb|left|Nêst. It iten fan 'e Amerikaanske wilster bestiet út wringeleazen, beien, sied en blêd. It nêst is beklaaid mei moas, drûch gers of blêd en leit op 'e grûn. Der wurde fjouwer wite oant bleekgiele aaikes mei donkerbrune en swarte spikkels lein. De jongen kinne al gau nei it útkommen rinne.

De soarte hat ien fan 'e langste bekende migraasjerûtes fan alle fûgels, mei in lingte fan mear as 40.000 km (hinne en werom), wêrfan't 3.500 km oer de iepen oseaan giet.

Status De Amerikaanske wilster hat in tige grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't de soarte ôfnimt, wurdt er troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, ) klassifisearre. Yn it lêste part fan 'e 19e iuw hat de jacht op 'e soartefoar de konsumpsje tige swier west, dêr't de populaasje nea wer fan wersteld is. De wrâldwide populaasje wurdt op ien miljoen oant seis miljoen folwoeksen fûgels rûsd (2020).

Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wilster Kategory:Lânseigen fauna yn Anguilla Kategory:Lânseigen fauna yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Arûba Kategory:Lânseigen fauna yn de Bahama's Kategory:Lânseigen fauna yn Barbados Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bermuda Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kanada Kategory:Lânseigen fauna yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Sily Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Kuba Kategory:Lânseigen fauna yn Kurasau Kategory:Lânseigen fauna yn Dominika Kategory:Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Grenada Kategory:Lânseigen fauna yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Haïty Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Jamaika Kategory:Lânseigen fauna yn Martinyk Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Montserrat Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Porto Riko Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Pierre en Miquelon Kategory:Lânseigen fauna yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen fauna yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen fauna yn Alaska