De mistelkaktus (wittenskiplike namme: Rhipsalis baccifera), ta ûnderskie fan besibbe soarten ek wol de gewoane mistelkaktus neamd, is in plantesoarte út it skift fan 'e miereftigen (Caryophyllales), de famylje fan 'e kaktussen (Cactaceae) en it skaai fan 'e mistelkaktussen (Rhipsalis). Dizze plant komt yn 'e Nije Wrâld foar yn Midden- en Súd-Amearika en dielen fan it Karibysk Gebiet. It is de iennichste kaktussoarte dy't ek lânseigen is yn 'e Alde Wrâld, dêr't er foarkomt yn tropysk Afrika, Madagaskar en Sry Lanka. De IUCN klassifisearret de mistelkaktus as net bedrige.

Taksonomy De mistelkaktus ferskynde foar it earst yn in wittenskipke útjefte as yllustraasje fan 'e Dútsk-Ingelske botanysk yllustrator John Miller (berne as Johann Sebastian Müller) (1715–1792), yn it wurk Illustratio Systematis Sexualis Linnæi ("Yllustraasjes fan 'e Linnaeyske Geslachtsorganen"), dat yn dielen útkaam fan 1770 oant 1777. De tekening fan Miller waard yn 1939 wittenskiplik falidearre troch de beskriuwing fan 'e plant troch de Ingelske botanikus William T. Stearn (1911–2001).

Fersprieding De mistelkaktus is opmerklik om't it de iennichste kaktussoarte is dy't him ek bûten de Nije Wrâld ferspraat hat. Yn 'e Amearika's is dizze plant lânseigen yn Midden-Amearika, fan 'e kust fan 'e Golf fan Meksiko yn eastlik Meksiko oant it súdeasten fan Panama. In isolearre populaasje komt foar yn 'e neite fan 'e stêd Colima, deunby de kust fan 'e Stille Oseaan yn westlik Meksiko.

Yn it Karibysk Gebiet is de mistelkaktus fierders lânseigen yn it súdlike part fan Kuba, ûnder in tinkbyldige line tusken de havenstêden Manzanillo en Mayarí. Fierders komt er foar op Jamaika, Hispanjoala, Porto Riko en de measte Lytse Antillen. De plant ûnbrekt lykwols op 'e Bahama's, de Turks- en Kaikoseilannen, de Kaaimaneilannen, Barbados, Trinidad en Tobago, Bonêre, Kurasau en Arûba.

Yn Súd-Amearika beslacht it ferspriedingsgebiet dielen fan 'e noardkust fan Fenezuëla en Kolombia en in brede baan fan Kolombia oer it Amazônegebiet fan noardlik-sintraal Brazylje alhiel nei de eastpunt fan dat lân, by Recife oan 'e Atlantyske kust. Fan súdlik Kolombia ôf is der ek in fragmitaryske fersprieding yn 'e sintrale Andes fan Ekwador en Perû en in mear oaniensletten areaal yn sintraal en eastlik Bolivia, dat trochrint yn sintraal Paraguay en it noarden fan Argentynje.

Yn 'e Alde Wrâld komt de mistelkaktus foar yn 'e tropyske dielen fan Afrika, besuden in frij rjochte line dy't rint fan Sierra Leöane yn West-Afrika oant it Etiopysk Heechlân yn sintraal Etioopje en dêrwei yn súdlike rjochting nei de kust fan 'e Yndyske Oseaan yn súdlik Somaalje. De súdgrins fan dat ferspriedingsgebiet rint fan 'e westkust fan sintraal Angoala mei in grutte bocht fia súdwestlik Sambia, westlik Simbabwe, de Transfaal en eastlik Lesoto nei de súdkust fan Súd-Afrika. Dêropta komt dizze plant ek foar op hiel Madagaskar en yn Aazje op Sry Lanka.

Teoryen oer de fersprieding bûten de Nije Wrâld It is dúdlik dat de fersprieding fan 'e mistelkaktus nei de Alde Wrâld gjin resint barren is. Ien hypoteze datoangeande is dat de siedden fan 'e plant oarspronklik by fersin meinommen binne de Atlantyske Oseaan oer op skippen dy't hannel dreaune tusken it Karibysk Gebiet en Afrika of tusken Brazylje en Afrika, om dêrnei troch tadwaan fan fûgels fierder ferspraat te wurden. Dat soe dan yn 'e fyftjinde of sechstjinde iuw al plakfûn hawwe moatte, en sels dat liket net lang genôch lyn om ta de ferskillen te kommen tusken de ûndersoarten oan wjerskanten fan 'e oseaan. In hypoteze dêr't in protte botanisy mear wearde oan hechtsje, is dêrom dat fûgels dy't de fruchten fan 'e mistelkaktus fretten hiene, de Atlantyske Oseaan oerstutsen hawwe en de siedden yn Afrika wer útdriten hawwe. Dat soe al tûzenen jierren lyn bard wêze kinne, wêrnei't de plant op deselde wize almar fierder yn eastlike rjochting ferspraat is.

Uterlike skaaimerken De mistelkaktus is in epifyt, in plant dy't groeit op in oare plant sûnder dêrby skea oan te rjochtsjen. Likemin as oare mistelkaktussen (Rhipsalis) hat dizze plant de stikels dêr't kaktussen om bekendsteane. Dat wie ek de reden dat er yn 't earstoan troch botanisy net as in kaktus werkend waard. De stâltsjes binne tin en ôfhingjend. De blommen binne wyt mei in giele kearn en hawwe in diameter fan likernôch 1 sm. De fruchten binne wyt oant sjartreuze en hawwe wol wat wei fan oliven, mar dan lytser.

Biotoop De mistelkaktus is in soarte dy't benammen foarkomt yn it tropysk reinwâld.

Status De mistelkaktus hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt.

Undersoarten De mistelkaktus fertoant oansjenlik wat polymorfy en kin opdield wurde yn gâns in tal ûndersoarten. Spesimina út Midden-Amearika binne ornaris tetraploïde (hawwe fjouwer sets gromosomen), wylst Súdamerikaanske spesimina diploïde binne (mei twa sets gromosomen).

Kategory:Plantesoarte Kategory:Mistelkaktus Kategory:Lânseigen floara yn de Amerikaanske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen floara yn Anguilla Kategory:Lânseigen floara yn Antigûa en Barbûda Kategory:Lânseigen floara yn Belize Kategory:Lânseigen floara yn de Britske Famme-eilannen Kategory:Lânseigen floara yn Dominika Kategory:Lânseigen floara yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen floara yn El Salvador Kategory:Lânseigen floara yn Frânsk-Sint-Marten Kategory:Lânseigen floara yn Grenada Kategory:Lânseigen floara yn Gûadelûp Kategory:Lânseigen floara yn Gûatemala Kategory:Lânseigen floara yn Haïty Kategory:Lânseigen floara yn Hondoeras Kategory:Lânseigen floara yn Jamaika Kategory:Lânseigen floara yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen floara yn Kuba Kategory:Lânseigen floara yn Martinyk Kategory:Lânseigen floara yn Meksiko Kategory:Lânseigen floara yn Montserrat Kategory:Lânseigen floara yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen floara yn Panama Kategory:Lânseigen floara yn Porto Riko Kategory:Lânseigen floara yn Saba Kategory:Lânseigen floara yn Sint-Bartelemy Kategory:Lânseigen floara yn Sint-Eustasius Kategory:Lânseigen floara yn Sint-Finsint en de Grenadinen Kategory:Lânseigen floara yn Sint-Kits en Nevis Kategory:Lânseigen floara yn Sint-Lusia Kategory:Lânseigen floara yn Sint-Marten Kategory:Lânseigen floara yn Bolivia Kategory:Lânseigen floara yn Brazylje Kategory:Lânseigen floara yn Ekwador Kategory:Lânseigen floara yn Fenezuëla Kategory:Lânseigen floara yn Guyana Kategory:Lânseigen floara yn Kolombia Kategory:Lânseigen floara yn Paraguay Kategory:Lânseigen floara yn Perû Kategory:Lânseigen floara yn Suriname Kategory:Lânseigen floara yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen floara yn Angoala Kategory:Lânseigen floara yn Benyn Kategory:Lânseigen floara yn Boerûndy Kategory:Lânseigen floara yn Botswana Kategory:Lânseigen floara yn Ekwatoriaal-Guinee Kategory:Lânseigen floara yn Etioopje Kategory:Lânseigen floara yn Gabon Kategory:Lânseigen floara yn Gana Kategory:Lânseigen floara yn Guinee Kategory:Lânseigen floara yn Ivoarkust Kategory:Lânseigen floara yn Kameroen Kategory:Lânseigen floara yn Kenia Kategory:Lânseigen floara yn Kongo (Demokratyske Republyk) Kategory:Lânseigen floara yn Kongo (Republyk) Kategory:Lânseigen floara yn Lesoto Kategory:Lânseigen floara yn Libearia Kategory:Lânseigen floara yn Madagaskar Kategory:Lânseigen floara yn Malawy Kategory:Lânseigen floara yn Mozambyk Kategory:Lânseigen floara yn Nigearia Kategory:Lânseigen floara yn Rûanda Kategory:Lânseigen floara yn Sambia Kategory:Lânseigen floara yn Sierra Leöane Kategory:Lânseigen floara yn Simbabwe Kategory:Lânseigen floara yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk Kategory:Lânseigen floara yn Somaalje Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Afrika Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Sûdan Kategory:Lânseigen floara yn Swazylân Kategory:Lânseigen floara yn Tanzania Kategory:Lânseigen floara yn Togo Kategory:Lânseigen floara yn Tsjaad Kategory:Lânseigen floara yn Uganda