De Bingaalske foks (Vulpes bengalensis) is in bist yn 'e famylje hûneftigen (Canidae).
Ferskining thumb|left|Wyfke. De Bingaalske foks is in lytse oant middelgrutte foks dy't op it Yndysk subkontinint foarkomt yn iepen gerslân, healwoastinen, savannes en lânbougebieten. Hy wurdt 45 oant 60 sm lang en hat in 25 oant 35 sm lange sturt. De totale lingte is 70 oant 95 sm. De foks hat in lang en slank lichem en in puntich gesicht mei grutte puntige earen. De efterkanten fan 'e earen binne donkerbrún mei in swarte râne; de earen binne wyt fan binnen. Tusken de populaasjes en de tiid fan it jier besteane in soad kleurferskillen, mar oer it generaal is it flues fan 'e soarte readeftich griis fan boppe mei blekere kanten en readbrune poaten. De sturt hat lang en ticht hier mei in swarte punt. Op it boppeste diel fan 'e puntige snút kin foar de eagen in donkere markearring wêze.
Fersprieding Bingaalske foksen komme op it Yndysk Subkontinint foar fan 'e Himalaya yn Nepal oant it suden fan Yndia en fan súdlik en eastlik Pakistan oant it easten fan Yndia en Súdwest-Bangladesj. Se mije berchhellingen en tichte bosken. Alhoewol't Bingaalske foksen ek by doarpen en yn lânbougebieten foarkomme, binne se minder synantropysk as de gewoane foks (vulpes vulpes).
Hâlden en dragen De Bingaalske foks is meast aktyf om it skimerjen hinne en nachts, alhoewol't er ek oerdeis jeie kin as it net te hyt is en it bygelyks reint. Se hawwe útwrydske hoalen mei ferskillende yngongen, dêr't se rêste en dy't hja brûke om fuort te plantsjen. Se binne oer it generaal frij solitêr, mar pearen en lytse famyljegroepen by hoalen binne wenst. thumb|left|twa oant trije wiken âlde pup yn Yndia. Yn 'e regel kriget it wyfke tusken jannewaris en maart 2 oant 4 jongen, nei in draachtiid fan 50 oant 53 dagen. De beide âlden jeie om bar en ien bliuwt efter om it nêst te beweitsjen.
Bingaalske foksen ite lytse kjifdieren en sûchdieren, ynsekten en wringeleaze dieren, reptilen, fûgels en aaien. Ek ite se beien, fruchten en planten.
Fijannen fan it bist binne wolven, goudjakhalzen, loaihoarsen, grutte rôffûgels en fral de minske.
Status De Bingaalske foks stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige (Least Concern) klassifisearre, mar de populaasjes kinne lokaal troch ferlies fan habitat, útwreiding lânbou, bouprojekten en konflikten mei minsken (lykas ferkear en fergiftiging) ôfnimme. Yn Yndia wurdt de Bingaalske foks beskerme ûnder de Indian Wildlife (Protection) Act.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Foks (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal