Saint-Étienne is in stêd yn 'e regio Auvergne-Rhône-Alpes yn it easten fan Frankryk. It is ek it haadplak fan it arrondissemint mei deselde namme. Ynwenners fan 'e stêd wurde yn it Frânsk Stéphanois neamd. It plak is ferneamd nei Sint-Stefanus.
Skiednis De skiednis fan 'e stêd is ferbûn mei yndustry en wurk. Yn 'e midsiuwen stelde de stêd noch net in soad foar. It wie in delsetting dy't net fier fan hannelsrûtes lei mei ambachtlike aktiviteiten lykas metaalbewurking. Lang bleau de stêd ûnder de ynfloed fan Lyon mei in stadige ûntwikkeling.
De grutte feroaring kaam yn 'e 18e en fral yn 'e 19e iuw, doe't Saint-Étienne ta ien fan 'e belangrykste yndustriële sintra fan it lân waard. It ûntdekken en de eksploitaasje fan stienkoal besoarge de stêd in rappe ekonomyske groei. Ek de wapenyndustry, de tekstylyndustry en letter de fytse- en masjinebou waarden yn 'e rin fan 'e tiid tige wichtige sektoaren. Mei de Yndustriële Revolúsje ferhûzen tûzenen arbeiders nei Saint-Etienne en dat feroarsake in ûnbidige groei fan 'e stêd.
Saint-Etienne krige yn 'e 20e iuw te meitsjen mei ekonomyske delgong troch it sluten fan minen en fabriken. Dat hie grutte sosjale gefolgen foar de stêd. Sûnt de ein fan 'e 20e iuw sette de stêd lykwols op werûntwikkeling en ynnovaasje yn en fûn der in transformaasje plak ta in sintrum foar design, kultuer en ûnderwiis, û.o. troch de stifting fan 'e Cité du Design en ynvestearings yn universiteiten.
Hjoed-de-dei kombinearret Saint-Étienne it yndustriële erfgoed mei in moderne identiteit.
UNESCO hat in netwurk fan Creative Cities, dat stêden gearbringt dy't kreativiteit ynsette as motor foar in duorsume stedske ûntwikkeling. Yn dat netwurk binne ferskate kategoryën, lykas muzyk, literatuer, gastronomy en design. Saint-Étienne heart ta de lêste kategory.
Kategory:Plak yn Frankryk Kategory:Gemeente yn Frankryk Kategory:Plak yn Loire Kategory:Gemeente yn Loire