De figueroagint of Figueroa's gint (wittenskiplike namme: Sula figueroae) is in útstoarne fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e tropenginten (Sula). Dizze fûgel libbe yn it Mioseen yn it doetiidske Perû.
Lokaasje en datearring Fossilen fan 'e figueroagint waarden yn 2015 oantroffen by in opgraving troch Bianucci et al. yn 'e Piscoformaasje, in rotsformaasje oan 'e súdlik-sintrale Pasifyske kust fan Perû. Spesifyk wie de lokaasje 1–2 km súdwestlik fan Cerro Colorado (Spaansk foar Coloradoheuvel), likernôch 23 km bewesten Ocucaje. De grûnlaach wêryn't de fossilen oantroffen waarden, datearre út it Let-Mioseen. Der wurdt sadwaande ornearre dat de figueroagint libbe fan likernôch 7,2 miljoen oant 5,3 miljoen jier lyn.
Taksonomy De figueroagint waard foar it earst yn 2015 wittenskiplik beskreaun troch de Perûviaanske paleöntologen Marcelo Stucchi, Rafael Varas-Malca en Mario Urbina-Schmitt. De wittenskiplike namme Sula figueroae is in earbetoan oan Judith Figueroa fan 'e Perûviaanske Feriening foar it Undersyk nei en de Beskerming fan it Bioferskaat (Associación para la Investigación yn Conservación de la Biodiversidad), "foar har weardefolle bydragen oan 'e kennis omtrint de natoerhistoarje fan Perûviaanske seefûgels".
It holotype bestiet út in suver komplete plasse mei ûnderkaak, in diel fan ien boarstwringe, trije losse halswringen, in skouderblêd (l.), in folsleine (rj.) en ûnfolsleine (l.) boppe-earmbonke, dielen fan twa piipbonken (rj. en l.), in diel fan in speakbonke (l.), in karpometakarpus (l.), in bekken minus de skambonke, en twa ynkomplete tarsometatarsy (rj. en l.).
It paratype bestiet út in oaninoar fêstsittende foarkebonke en boarstbonke, twa ravensbeksbonken (rj. en l.), twa skouderblêden (rj. en l.), twa boppe-earmbonken (rj. en l.), distale (dy't it fierst by de romp wei sitte) fragminten fan twa piipbonken (rj. en l.), de skacht fan in speakbonke, in proksimaal (dat it tichtst by de romp sit) fragmint fan in karpometakarpus (l.), in ûnfolsleine karpometakarpus (rj.), in distaal fragmnt fan in bilbonke (rj.), in tibiotarsus (rj.) en in tarsometatarsus (rj.).
Uterlike skaaimerken De figueroagint hie in selde lichemsfoarm en lichemsgrutte as de libbene maskergint (Sula dactylatra), dy't in totale lichemslingte hat fan 75–85 sm, mei in spanwiidte fan 160–170 sm, en in gewicht fan 1,2–2,2 kg. It grutste ferskil siet him yn 'e boppe-earmbonke, dy't by de figueroagint robúster en folle koarter wie, en mear oerienkomt mei de boppe-earmbonken fan 'e hjoeddeistige blaupoatgint (Sula nebouxii). Fierders wie de plasse fan 'e figueroagint koarter (fan foarren nei efteren metten), mei in dúdlik robúster plassedak.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Tropengint Kategory:Bist útstoarn yn it Mioseen Kategory:Fossile fûgel Kategory:Fossyl yn Perû