De sânfoks (Vulpes rueppellii) is bist út it skaai foksen (Vulpes) yn 'e famylje hûneftigen (Canidae)

Ferskining De sânfoks is in lytse en slanke foks fan likernôch 66 oant 74 sm, ynklusyf de sturt fan 27 oant 30 sm. Reukes en teefkes binne trochstrings sa'n 1,7 kg. swier en ha deselde kleuren. Syn hier is meast sânkleurich mei wat wyt hier, dat foar in ljochte tint soarget. Syn ûnderkant en de punt fan 'e sturt binne wyt. Op 'e kop binne readbrune tinten op 'e snút en de foarholle en der binne donkerbrune of grize ôftekeningen by de koarte snút lâns en om 'e eagen. Om 'e waarmte fan it klimaat ôf te fieren hat de sânfoks relatyf grutte en brede earren. De soaltsjes fan 'e poatsjes ha hier, in oanpassing foar it rinnen oer it hite sân.

De sânfoks ûnderskiedt him fan 'e fennek troch de wite sturtpunt yn stee fan in swartenien en hy is in slach grutter.

Fersprieding thumb|left|De sânfoks op in dak. Sânfoksen komme foar yn 'e drûge gebieten fan Noard-Afrika, it Midden-Easten en dielen fan Súdwest-Aazje. Yn Noard-Afrika is dat fan Marokko en Mauretaanje yn it westen oant Egypte, Sûdan en Somaalje yn it easten. Fierder komt er op it Arabysk Skiereilân yn Saûdy-Araabje, Jemen, Oman, de Feriene Arabyske Emiraten en omlizzende lannen foar. Ek komt de soarte yn Israel, Jordaanje, Irak, Syrje, Iran, it suden fan Afganistan en it westen fan Pakistan foar.

It biotoop fan 'e sânfoks bestiet út sânige en stiefeftige woastyngebieten.

Hâlden en dragen De sânfoks is meast nachts en by it lemieren en skimerjen aktyf. Oerdeis rêste se yn harren ûndergrûnske hoalen. Yn koelere seizoenen binne se somtiden ek oerdeis aktyf. It binne territoriale dieren, dy harren gebiet fan likernôch 70 km² yn guon gebieten mei urine ôfbeakenje, faak yn famyljegroepen. Sânfoksen binne omnivoar en opportunistysk; se ite fral ynsekten, mar ek lytse sûchdieren, hagedissen, fûgels, aaien, woartels en somtiden fruchten of wat der op it stuit te fretten is. De sânfoks jaget allinnich.

De soarte is monogaam yn 'e peartiid, dy't yn novimber begjint nei't it wyfke har nêst klear hat. Se kriget maksimaal seis welpen, mar faker twa of trije. De draachtiid is 52 oant 53 dagen. De blyn berne jongen wurde nei sawat fjouwer moannen selsstannich. Yn it wyld wurdt de sânfoks sa'n sân jier âld, yn finzenskip maksimaal 12 jier.

Status De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) beskôge.IUCN Yn guon gebieten giet de soarte efterút troch konkurrinsje mei de gewoane foks of feroaring fan biotoop. Oare oarsaken fan efterútgong binne jacht en fergiftiging. Yn Israel (Negev-woastyn) stiet de sânfoks op 'e râne fan útstjerren en yn 'e Feriene Arabyske Emiraten is de soarte seldsum woarn.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Foks (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Lybje Kategory:Lânseigen fauna yn Maly Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko Kategory:Lânseigen fauna yn Niger Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen