De Afgaanske foks (Vulpes cana) is in bist út it skaai foksen (Vulpes) yn 'e famylje hûneftigen (Canidae). De soartenamme cana is Latyn foar griis, in ferwizing nei de kleur fan it hier.
Ferskining Afgaanske foksen binne lytse foksen. Fan 'e kop oant de romt binne se likernôch 38 oant 80 sm en se ha in sturt fan likernôch 26 oant 41 sm. It gewicht fan folwoeksen bisten leit earne tusken 1,5 en 3 kg. It hier is brúngriis oant kanielkleurich, mei ljochtere flanken en in fealgiele oant wite ûnderkant. In donkere streek boppe by de rêch lâns rint somtiden troch op 'e sturt. De sturt sels is lang en meast mei in swart of bytiden ek wite punt. De soarte hat in smelle kop mei in puntige snút. De earen binne oanpast oan it waarme en drûge habitat, sadat se helpe by it ôffieren fan 'e waarmte.
Oars as oare foksen dy't yn 'e woastyn foarkomme ha de Afgaanske foksjen gjin hier op 'e soaltsjes fan 'e poaten. Se ha mear kateftige klauwen, bôge en skerp, sadat se goed klimme kinne oer de rotseftige hellingen.
Fersprieding De Afgaanske foks komt foar yn it Midden-Easten (Israel, Jordaanje, Saûdy-Araabje, Oman, de Feriene Arabyske Emiraten) oant Sintraal- en Súd-Aazje (Iran, Afganistan, Pakistan). Se libje net yn sânwoastinen en op grutte flaktes, mar op steile rotshellingen en yn kleauwen. Om't de Afgaanske foks ôfhinklik is fan rûch, bercheftich gebiet is it ferspriedingsgebiet fan 'e soarte net oaniensletten.
Oarspronklik wie de Afgaanske foks allinnich bekend fan Súdeast-Aazje, mar yn 1981 waard ek in populaasje yn Israel ûntdutsen en dêrnei binne der yn 'e bercheftige gebieten fan it Arabyske Skiereilân mear populaasjes ûntdutsen. Mooglik komme Afgaanske foksen ek foar yn Eritreä, Sûdan en Jemen.Canid Specialist Group, oproppen 29 desimber 2025.
Taksonomy De meast besibbe soarte fan 'e Afgaanske foks is de fennek (Vulpes zerda), in lytse woastynfoks. Dy twa soarten wurde yn analyses faak suster-taksa neamd, itjinge betsjut dat se in mienskiplike foarâlder diele en nauwer oan inoar besibbe binne as oare echte foksen. De fennek en de Afgaanske foks soene har likernôch 4 oant 4,5 miljoen jier ferlyn fan in mienskiplike foarâlder ôfspjalte ha.
Hâlden end dragen Afgaanske foksen binne nachtdieren, se binne nachts aktyf en sliepe oerdeis yn hoalen, spjalten of ûnder rotsen om de waarmte en grutte rôffûgels te mijen. It grutste part fan 'e nacht binne se oan it sykjen nei iten en se lizze nachts somtiden ôfstannen fan 7 oant 9 km ôf yn it territoarium, dat relatyf lyts is (± 1,6 km²). It binne omnivoaren, mar se ha in foarkar foar ynsekten en fruit en lytse wringedieren, lykas kjifdieren, hagedissen en fûgels. Se drinke selden wetter en krije it measte focht binnen troch it iten.
De foks is monogaam en de peartiid is fan desimber oant febrewaris. De draachtiid is 50 oant 60 dagen en it teefke kriget ien oant trije jongen, dy't 30 oant 45 dagen fersoarge wurde. De jonge foks is nei 6 oant 12 moannen geslachtsryp. Afgaanske foksen wurde yn 'e regel 4 oant 5 jier en maksimaal 10 jier âld.
Status De IUCN beskôget de soarte fanwegen it grutte ferspriedingsgebiet as net bedrige (Least Concern, 2015). Der binne gjin bewizen dat de soarte drastysk ôfnimt. De Afgaanske foks stiet op Taheakke II fan it CITES-ferdrach. Regionale beöardielingen binne ôfwikend en yn Israel en op it Arabysk Skiereilân wurdt de soarte goed beskerme. Der is gjin beskerming yn Súdeast-Aazje.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Foks (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Israel Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje Kategory:Lânseigen fauna yn Oman Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte