De steppefoks (Vulpes corsac) is in bist út it skaai foksen (Vulpes) yn 'e famylje hûneftigen (Canidae).
Ferskining thumb|left|Steppefoks. Dizze soarte hat griis oant ljochtbrún of readeftich hier en is oan 'e ûnderkant gielich oant wytich. De foks is sawat 50 oant 60 sintimeter lang en dêrby komt noch in 25 oant 30 sintimeter lange sturt. It gewicht fan 'e folwoeksen steppefoks sit tusken 1,9 en 3,2 kg yn. Oars as de reade foks (Vulpes vulpes) is de steppefoks dúdlik lytser en ûntbrekt in opfallende wite sturtpunt. De hiele sturt kin lykwols ljocht wêze. De earen en poaten binne lang yn ferlikening mei it lichem. Rikels binne meastal wat grutter as teefkes.
Fersprieding De soarte komt foar yn sintraal- en eastlik Aazje. Syn ferspriedingsgebiet rint fan 'e Boppe-Wolga oant Mantsjoerije en Tibet. De steppefoks wurdt bygelyks yn Kazachstan, Mongoalje, Transbaikal, noardlik Sina, noardeastlik Iran en noardlik Afganistan oantroffen. De habitat bestiet út steppes en healwoastinen en mijt bosk, agrarysk gebiet en minsklike delsettings.
Hâlden en dragen Steppefoksen ite benammen lytse sûchdieren lykas kjifdieren en hazzen, mar ek fûgels, reptilen en ynsekten. As der gjin gewoane proaien te finen binne yt er ek ferskate plantedielen, ies en ôfeart. Hy beset hoalen dy't makke binne troch oare bisten, lykas taksen of marmotten. Yn it wyld is er meastentiids nachts aktyf, mar yn finzenskip is er ek oerdeis aktyf. Der wurdt tocht dat de soarte sosjaler is as oare foksen. Somtiden wurde ferskate foksen yn itselde hol sjoen en by't winter binne der lytsere, mienskiplike jachtgroepen. Dy besteane nei alle gedachten út in pearke en harren jongen út ferskate generaasjes. It pearseizoen leit yn it hiele ferspriedingsgebiet tusken jannewaris oant maart, mar kin lokaal koarter wêze. Nei in draachtiid fan 52 oant 60 dagen kriget it teefke 2 oant 10 jongen. Yn finzenskip berne jongen weagje 60 oant 65 g en binne 130 oant 140 mm lang. Se binne yn 't earstoan blyn en iepenje de eagen nei 14 oant 16 dagen. Nei sawat 28 dagen besykje se foar it earst fêst iten. Jonge dieren yn bistetúnen binne nei fjouwer oant fiif moannen like grut as folwoeksen dieren en binne geslachtsryp nei sawat njoggen moannen. De libbensferwachting yn finzenskip is sawat 13 jier.
Status en bedriging De soarte wurdt bejage fanwegen it bûnt. Yn 'e Sibearyske stêd Irkûtsk waarden oan 'e ein fan 'e 19e iuw alle jierren tûzenen fluezen ferhannele. Om't de soarte net op kultuerlân foarkomt, wurdt er bedrige troch de útwreiding fan lânbougebieten yn syn ferspriedingsgebiet. Dy bedrigingen binne de reden wêrom't de soarte tydlik of permanint ferdwûn is út grutte dielen fan syn eardere ferspriedingsgebiet, lykas bygelyks yn Kazachstan. Yn Ruslân waarden steppefoksen yn 'e 17e iuw ek as húsdieren holden. De oantallen steppefoksen kinne beynfloede wurde as bygelyks marmottepopulaasjes ôfnimme. De steppefoks brûkt nammentlik faak lege marmottehoalen en as de marmottepopulaasjes ôfnimme, binne der gjin geskikte hoalen foar de foks.
Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Foks (skaai) Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Iran